Wurklistpunt: 8 Foarstelnû: 83/103 Underwerp Stiens, 14 septimber 1983. ferkeap stripe grûn te Hijum. Oan de gemeenterie. By it utfieren fan it rioelearingswurk te Hijum sil it paad Efter de Wâl by de wente fan de famylje fan der Weij (nû. 1), yn westlike rjochting ferpleatst wurde. Dêrtroch komt in stripe grûn mei in breedte fan 1.50 - 2.00 m1 tusken de nije ferhurding en de neamde wente te lizzen. De stripe grûn dy't hjir bedoeld wurdt kin nei us betinken it bêste tafoege wurde oan de wente Efter de Wâl 1 De famylje fan der Weij is ree de bedoelde stripe grûn fan de gemeente oan te keapjen foar in bedrach fan 10,-- de m2 en mei de wenstige betingsten by de ferkeap fan stripen iepenbier grien. Wy stelle jimme foar ta ferkeap te besluten lykas it ûntwerp-beslut oanjout dat by de stikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan de siktaris. Ljouwerteradiel de boargemaster J.P.v.d.KOOI H. BOSCHMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1983 | | pagina 39