Algemiene skôgingen FNP-fraksje n. Foarsitter, ik wol myn skôgingen begjinne mei myn blidens ut te sprekken dat wy oan de konsentraasje fan de gemeentelike weryndieling ûntkommen binne.De muoilikhèden foar die gemeenten,dy't hjir mei te meitsjen hawwe, "binne net lyts. Boppe dat, as men der fanut giends dat,troch konsentraasjes yn bestjoerlike foarm, ekonomysker wurkje te kinnen, wat wer ta in utstjit fan banen liede sil, dan stiet dit wol heaks op it stribjen fan hjoed - de dei om troch it skeppen- of werferdieling fan wurk mear wurkgelegenheid te krijen. Mar boppe dat, en dat waaget by us tige swier, de ôfstân tusken folk en bestjoer wurdt wer fergrutte. Oan u_s meielkoar no de opjefte om yn in, net te grutte, bestjoerlike ienheid sa as Ljouwerteradiel, in besteansrjocht te garandearjen. Wy sille it yn de kommende jierren meielkoar wier meitsje moatte. Wy sille, fanut de beheinder middels dy't us taparte wurde, mei deeglike bere,idenearring us plannen op- of bystelle. Plannen dy't foar ailes troch de mienskip betelber wêze- en bliuwe moatte. Yn eardere skôgingen is troch us steld dat de groei der ut wie, en no sille wy op mannich mêd in stap werom dwaan moatte, al is dat dan ferfelend. It soe fan net folle bestjoerlike wiisheid tsjûgje om hjiroan foarby te gean. It sil no de keunst wôze om op dy beheinder basis us gemeentelik bestel sa goed as mooglik funktionearje te litten. Wy sille uterst foarsichtich skipperje moatte, benammen as it om kostbere foarsjenningen giet dy't letter ek noch eksplodtaasje ferheegjend wurkje kinne„ As dan de Rie ek foarstelt net ta belesxing ferheging oer te gean, wer't wy folslein efter steane, dan sille wy de moed opbringe moatte om oanwiisber te meitsjenhoe te besunigjen, en wêr de s.n. prioriteiten lizze. It is bekend dat de FNP-fraksje,yn foarofgeande jierren,al op in sûniger belied oanstien hat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 27