2 ROAILFERKAVELING It grutste barren yn us gemeente is, sûnder mear, de roailferkaveling yn syn hiele omfang. Nei jierren fan tarieding sitte wy no al wer in.hiel set folop yn de utfiering. Fan ôf it earste begjin oan't hjoed de dei ta hat immen fan ut it Gemeente bestel sit hân yn de roailferkavelings kommisje. Earst wie dat de hear Soepboer en letter us ^emeentelik skriuwer de hear vd Kooi As ien fan us wethâlders yn it par-tijblêd "Rispinge" dan ek skriuwt "Er werd een voorbereidingskomissie ingesteld en die maakte de plannen. Het Gemeentebestuur vas daar in het geheel niet bij betrokken, het provinsiaal bestuur ook nauwelijks" dan freegje wy us wol ôf of dit no as stimmingmakkerij tsjin de roailferkaveling, of as earlike foarljochting bedoeld is. Wy litte dat graach oan it oardiel fan us ynwenners oer. It bûtengebied is faaks it styfbern fan de Gemeentelike polityk. No krige men de kans it diken bestek, mei faken al efterstallich ûnderhâld en net mear berekkene op it hjoeddeiske ferkear, tige ynoarder te krijen. Troch de mooglikheden dy't der leine fia de roailferkavelings subsydzjes wie dit foar us Gemeente de basis om dit ailes te realisearjen. Ik tink dat wy hjir tige wiis mei wêze moatte. Ek de rekreative foarsjenningen lykje harren beslach te krijen en wol krekt op tiid. Yn 1985, hawwe wy lêze kinnen, geane ek dizze kranen ticht It fytspaad by de Dokkumer le lâns, mei syn oanslutingen op de Aldlânsdiken en de stêd Ljouwert, komt yn'e maitiid fan '84 yn utfiering. Nei us betinken in foarsjenning om wiis mei te wêzen. Dat wie it dan Wat de roailferkaveling oangiet

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 29