3 DE WURKLEAZEN30ARCH. De 1ste oansêt dit oangeande, is raakke troch de Ried. Der is in saneamde koordinator oansteld om mooglikheden te ûndersykjen. Wy as Ried, sizze der meielkoar folut JA tsjin. Hjir binne wy it folslein meielkoar iens. Ik gean der ek fan ut dat elts Riedslid, fan wat foar partij dan ek,syn ferantwurdelikheid yn dizzen hat. Mar fifeomen, lit us earlik wêze, sa machtich as wy hjir sitte,we kinne der sa n ferduld lyts bytsje oan dwaan. Wy hoege mekoar de miggen yn dizzen net ôf te fangen, wy soene it, allegearre meielkoar, sa graach wolle. Mar us mooglikheden binne wol hiel lyts. Dat nimt net wei dat as immen fan jimme, ut wat foar partij dan ek, de wei oanjaan kin om in tal minsken,op in ferantwurde manear, oan wurk te helpen, dan sille wy der efter stean. Sels sjogge wy dy kâns noch net. WOLWEZEN. Ek it wolwêzen sil in fear litte moatte en net foarby gean kinne oan it algemiene ynleverjen. En dat krekt yn in tiid dat sjoen de sa neamde jeugdwurkleazens it wolris sa weze kin dat dat wurk aloan wichticher wurdt. De Ryksoerheid begjint gâns minder by te dragen dan as eartiids tasein is. Wy sille der net oan Ûntkomme hjir de konsekwinsjes fan nimme te moatten. Koartom..de plannen sille op'e nij besjoen wurde moatte. As der ek yn e takomst, ja, benammen yn de takomst noch romte foar sinfol wolwêzenwurk(wy doele hjirbij op de aktiviteiten) bliuwe sil, dan sil, al hoe pynlik it foar t momint ek wêze mei. de besuniging yn de personielssektor fan it wolwezenwurk socht wurde moatte. Dat is, miene wy, in dudlike utspraak, Net populêr, dat binne wy us bewustmar wol earlik en neffens us ôfstimd op it algemien belang.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 31