4 IEPENBIERE WURKEN. Ja, de groei is der ut, alhoe spytich dan ek. De "planning" kloppet net mear. De husebou sit fêst en it ynwennerstal sakket earder as dat it tanimt. Troch in krappere begrutting "binne de middels sadanich beheind dat in tal wurken net utfierd wurde. It kin net mear. Ek de utfiering fan it tige "besprutsen ferkearsplan kin wolris op "non-aktyf" komme. Net dat de FNP-fraksje dér no sa rouwich om is, dat is bekend, mar de ynvestearringen yn dy plannen, û.o. aile kosten ferbûn oan ûndersiik, hat tûzenen oan mienskipsjild kostte.Wol "binne wy der wiis mei(en wy tinke de hiele Ried) dat wat it fuotbalfjild fan DTD oangiet, de earste stappen set "binne. Wat wy wol ûnder eagen sjen moatte is dat troch minder aktiviteiten "by Iepenbiere wurken de besetting by it tafersjoch en lieding jaand personiel kopswier wurden is. Al hoe pynlik it ek is, ek hjir sille wy de konsekwinsjes nimme moatte, temear om't wy allegearre ienriedich fan miening binne net ta belesting- ferheging oer gean te moatten. A1GEMIEN Foarsitter, ik tink oan it stribjen.nei frede en kearnwapen beheining. Ik haw noch nimmen moete dy't it stribjen hjirnei net sinnich fûn. Mar it is wol frjemd hoe de iene de oare mient de wei wize te moatten. Elkoar mei allerhande diktaten om de earen slaan om elkoars tinkwize te beynfloedzjen. Lit us foar ailes earlik wêze, dyjingen dy't yn in fredesmars yn De Haach rinne en hja dy't sizze set dat ding mar by my yn'e eftertun wolle beide itselde. Hja wôlle bliuwende frede om't hja witte dat in kearn wapen oarloch de de ein fan ailes is. Dérom moatte wy us hoedzje dat wy ûnderling gjin ûnfrede krije om de frede, want dan sjitte wy meielkoar us doel foarbij. Ek hjir sille wy, hoe as wy dan ek tinke, mekoar net ferketterje moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 33