5 Ik wol earlik tajaan dat hjir, ek yn us partij, ûndelikens oer tocht wurdt, mar wy bliuwe ien as it giet om Fryslân, stn ekonctny, syn taal en syn kultuer Keambewapening wurdt net beslist in us Ried, mar yn nasionale en ynter- nasionale ramten. Oer it foarstel fan B. en W. om de riedsferslaggen niet langer mear qp te nimmen yn "De Stienser Cmropper" hawwe wy us besouwd. Wy mienden dat krékt de beide grutte fraksjes fertsjintwurdige troch, foar elts, in wethâlder, altyd fan de stelling utgiene: betrutsenheid fan de boarger by it bestjoer, iepenbierheid, ynspraak e.s.f Werom't no krekt dy partijen fan dy iepenbierheid ôfwoenen is us in riedsel. Wy wolle se hjirby wize op harren eigen program. Wy binne fan betinken dat as men as Ried, keazen troch it folk, ferslach en ferantwurding ôf lizze moat tsjinoer it folk en eltse kâns derta oangripe moat. It is net mear en minder as in morele ferplichting tsjinoer de kiezer. It hat us dan ek tige goed dien dat ut it beanderjen fan de stelde fragen, bliken dien hat dat men fan dizze wei werom kormen is. As F.N.P.-er doar ik dan ek noch wol lûdop sizze: "Beter ten halve gekeerd dan ten hele gedwaald". \<ly binne net sa wiis met de parkearromte yn it sintrum fan Stiens. Der is mar min ut en yn te kommen en neffens us is de romtelike yndieling, ek sjoen de beplanting, net optimaal. Mar hawar, it feit leit der sa. Wy binne, yn F.N.P. fermiddens ek net sa wiis mei it plak fan it byld fan Piter Jelles Troelstra dat wat yn in hoeke weidrukt is. In oanfluiting. Der is mar ien plak, sintraal tsjinoer it GerreentehûsPleatst op in ienfâldige sokkel hoeft dat romtelik gjin grutte problemen op te smiten. Hoe as men ék oer Piter Jelles Troelstra tinke mei, hy is net wei te tihken ut it Fryske kultuerpatroanfandêr dat wy fan betinken binne dat it byld in earfol pla fertsjinnet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 35