POLITYK BEBRIUWE. Ja, foarsitter, hjir moat ik efkes wat fan sizze want wy as FNP sitte hjir noch al mei omheech. Wy witte allegearre wol, dér binne wy it meielkoar fêst oer iens, dat it polityk bedriuyep yn Nederlân frij wat fersmoarget président van der As men de min- benei net fan de lea "bliuwe kin, as Scheur in pear dagen ûnderdûke moat, as in wethâlder tillefoanysk bedrige wurdt, dan sizze wy; wer "binne wy mei dwaande en wer geane wy hinne. Mar, en der giet it oir, wy sitte hjir foar it Gemeentlik "bestel. Dogge wy it sels wol goed Wy miene fan net. Us iepenbiere gebouwen wurde "brûkt foar polityk "bedriuwen. As yn in skoalle anti Deetman papieren foar de finsters hingje dan krij ik lulke memmen oan de tillefoan dy't it der net mei iens binne yn de sin fan lit dy lju thus dy dingen foar de finsters hingje; it is harren skoalle dochs net It is uzes ek mei. By us Gemeentehûs leit it krekt sa. De bekende NEE biljetten komme Jo rûnom tsjin en se hawwe ek dér foar de finsters hongen. Mar dat selde Gemeentehûs is in iepenbier gebou dat tsjinsber wêze moat en wol, tocht ik, oan it folk, en dat folk is no ienkear in ôfspegeling fan lofts oan't en mei rjochts. Wy binne op wei nei in politykfersmoarging wer't wy net sa wiis mei binne, wat net ynhâldt dat it bêst sa wêze kin dat mannichien fan us leden wolris gehiel of foar in part efter bepaalde aksjes stean kinne,man dat hat hjir neat mei te krijen. Us stânpunt: gjin iepenbiere gebouwen brûke as reklame of polityk opjekt, foar of tsjin, foar wat fan saken dan ek.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 37