Volkspartij voor Vrijheid en Démocratie III. 22 desimber 198 3 ALGEMIENE SKOGINGEN. F oarsitter, De leste jierren binne wy yn e sliep widze en hawwe wy us te maklik meigean litten op'e weagen fan de wolfeart. Wy moatte tajaan, dat somtiden foar en somtiden tsjin us sin de saken sa no en dan te fier trochslein binne. Sa moatte wy fêststelle, dat yn de belestingwetjouwing en yn it systeem fan sosiale seker- heden en wurkbemiddeling safolle foarsjennings en foarskriften opsteapele binne, dat de minsken yn it burokratyske geweld fer- sûpe, of de rigels neist harren dellizze.Dat is in utslipingsproses. It liedt ta oantaasting fan de maatskiplike moraal, dy't de needsaaklike ienriedigens ûndergraaft. Wij binne sa njonkenlytsen bedarre op in maatskiplik en polityk kruspunt. Yn dit, hast ôfroune jier hat it Ryksregear us mei in protte ombûgingen konfrontearre. En de ein is noch net yn sicht. Dy ombûgingen binne oan't no ta net yn tank ôfnommen. Guon minsken hawwe se as rimpen ûnderfoun. Protestaksjes wiene oan'e oarder fan de dei. De skea, dy't it bedriuwslibben fan dizze aksjes ûnderfinne op koarte termyn is great. Dochs bestiet der oer de needsaak fan de ombûgings yn feite grutte mjitte fan oerienstemming. Der moat net allinne op lannelik nivo besunige wurde, dat moat ek op gemeentlik nivo barre. De gemeenterieH moat der op dit gemeentlike nivo it bêste fan meitsje. Der binne us in oantal redenen neamd, wêrtroch der fertraging yn de opstelling fan de begrutting ûntstien is. Wij binne net sa s

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 41