-2- bliid mei dy fertraging. Wy binne ek net sa bliid mei it feit dat troch tiidkrapte portefeuillehâlders sels it snoeimes hantearre hawwe en dat der te min oerliz mei amtlike adviseurs mear mooglik wie.lt is neffens us betinken net in goede saak, dat dit soarte wichtige saken op it leste stuit harren beslach finne moatte.lt is dan net alhiel utslet- ten, dat der dan ferkearde dingen barre. Wy fine it tige wichtig dat de Rie sa gau mooglik op de hichte brocht wurdt fan de begruttingsposysje yn de kommende jierren. Wy moatte sa gau mooglik witte hokker konsekwinsjes de Haagse sirkulaires op de gemeentlike finânsjes hawwe. Dat moat net ienmalich wêze.mar in fuortduorjend proses. De finansjele konsekwinsje fan mooglik nije foarsjennings moatte sichtber makke wurde, ek op langere doer. Dan pas komme we der achter wêr't wy mei dwaande binne, en kinne wy beôardiele of't it ferantwurde is om bepaalde besluten te nimmen. Yn it skoft dat ik no yn de Rie sitfoekrûpt my wolris it gefoel, dat wy wat al te maklik oer de finansjele gefolgen hinne stappe. Yn de ynformele gearkomste oer de begrutting hawwe josein foarsitter, dat wiy ferkeard dwaande binne, aswy de ûnreplikguodbelesting net ferheegje.lt greatste part fan de minsken yn us lân ûnderfynt de druk fan de belestingen en de sosiale preemjes as heech. Te heech. Boppedat stiet it ynkommen fan eltsenien ûnder druk. Dêr, wer't it net hoecht, moat de belesting- druk net heger, sa fine wy. As gemeenterie hawwe wy oer it greatste part fan de belestingen neat yn te bringen. Mar oer de ûnreplikguodbe lesting kedize wy wol. En yn dat ljocht besjoen, hawwe wy sein dat der gjin ferheging fan de ûnreplikguodbelesting komme moat, mar dat mooglike tekoarten dutsen wurde moatte troch besûniging. Boppedat kin men net straffeleas trochgean mei it ferheegjen fan de belestingen. It soe bêst ris barre kinne, dat de stiging fan de opbringst leger is as de stiging fan it taryf. Dêrom moatte wy ek fersichtich wêze. It oantal gefallen dat de belesting net ynbard wurde kin dertroch wolris grutter wurde as wy tinke. Yn de ynformele gearkomste is ek stelt, dat elk gat dat yn de foarstelde besunigingen sketten waard, allinnich mar opfolle wurde koe, troch às oare besunigingen as troch belestingferheging. It blykt no, dat de gatten dy't der yn sketten binne, dutsen wurde ut in

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 43