-3- meifallerUs fraksje is bliid dat ek in diel fan dy meifaller res erve f1 rt wurdt. Yn de oanbiedingsbrief stiet ek dat dertroch de opstelling fan in krapslutende begrutting gjin romte wêze sil om middels bekikber te stellen foar nije foarsjennings. Dochs wurde der hjir en der bedragen beskikber stelt foar unfersjoene omstannichheden as foar utfiering fan wurken, dy't needsakelik achte wurde. Ik les tusken de rigels troch, dat der îoch wol wat op priemmen stiet. Ik bin der benijd nei, foarsitter, op hokker termyn us foarstellen berikke, om sokke wurken ut te fieren en wat de finansjele gefolgen binne. Ifet der noch mear mooglikheden binne om te besûnigjen docht wol bliken ut it feit dat men lang net fan aile besunigingsmooglikheden, sa't dy oanjoun binne troch de direkteur fan gemeentewurken, gebrûk makke hat. Yn de oanbiedingsbrief stiet fierder, dat der foar freze wurde moat dat, nei oername it ûnderhâld oan de ruilferkavelingsdyken grutter wurde sil. Dit tanimmen fan ûnderhâld komt fuort ut it feit, dat hieltyd weroan swierder ferkear nei de pleatsen moat. Wy binne fan betinken, dat de diken der goed hinne lizze en dat it mei it tanimmende ûnderhâld wol wat tafalle sil. Noch hyltyd spilet de kwestje fan de baanferdraiing fan de fleanbasis Ljouwert. Nei't men wit wurdt der yn us fraksje oer mooglike baan- ferdraaiingen ferskillend tocht. Lykwols hoopje wy graach, dat de prog nose dat it beslut fan it Ryksregear oanbelangjende it "struktuurplan Militaire Terreinen" om maaie '84 hinne oan de Twadde Keamer mei- dield wurde sil, wier is. Oan de ûnsekerhyt dy't der no yn de doarpen om de fleanbasis hinne is, moat in ein komme. De ûnsekerhyt komt nearne en net ien ten goede. Ik krij sa njonkenlytsen it gefoel, dat de aksjegroep foar de baanferdraaiing dwaande is de minsken bang te meitsjen foar alderhanne gefaar, dat der by lange nei net is. In foarbyld dêrfan is de gearkomste dy't lêstendeis yn Marssum hâlden is. Der binne gjin nije feiten oan it ljocht kommen. De al bekende stellingen waarden op'en nij utsprutsen. Aksjefierders hawwe yn myn eagen net posytief bydroegen oan de diskusje. Dêrom is it in goede saak dat de regearing der boppe- steande kwestje sa gau mooglik in beslut nimt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 45