-4- It docht us goed dat der mei koarten in ynventarisaasje makke wurde sil fan wenten dy't yn elts gefal foar pre-sanering yn oan- merking komme. Wy hoopje, dat de staatssikretaris alfêst jild be- skikber stelle wol foar dy wenten en gebouwen, om mei de pré-sa- nering te begjinnen. Lêstendeis hawwe wy yn Oldenzaal sjen kinnen, wat de risseltaten fan de pré-sanering binne. Boppedat kin it fiere ta in stikj e wurkgelegenhyt yn us kontreien. Yn de oanbiedingsbrief wurdt wiidweidich yngien op de risseltaten fan de automatisearring. Al mei al bekrûpt us it gef oel dat it aardich wat jild kostet. It fierdere automatisearjen hinget ta eintsjebeslut ôf fan de needsaaklike wizigingen yn de wetjouwing derfan, sa skriuwt it kolleezje. Wy binne fan miening dat in desentralysearde befolkingsboekhâlding foardielen jowt. It is foar de beskerming fan de persoanlike libbens- sfear better, Likernoch sille wy der wach foar wêze moatte, dat der yn it systeem gjin gegevens opnommen wurde, dy't der eins net thus hearre. Bygelyks gegevens oer de tsjerklike mienskip, oer it hawwen fan in wape nfergunning as oe r it ûntfangen fan in utkearing. It seit himsels dat in goede wetjouy/ing om de persoanlike libbenssfear te beskermjen yn dizze tige wichtich is. Ferminderjende ekonomyske omstannichheden hawwe ûnder oaren ta gefolgen dat guon minsken de regels neist harren dellizze. Somtiden is it slim, somtiden is it minder slim. It ûnderskied tusken mines en dines giet hjir en dêr teloar. Lokkigernôch ûnderfyn t it greatste gedeelte fan de befolking dit ûndudlik wurden fan de noarmen as fer- smitelik. Wy steane noch hyltyd op it stânpunt dat de minsken dy be skerming fan de plysje krije moatte kinne, as dat nedich is. Lit dêrby wol yn jim omgean dat de mooglikheden dy't de plysje hat beheinder wurden is troch de besunigingen fan de Ryksoerheit. De plysje stiet foar in hiele greate opjefte. Wy witte en ûnderfine, dat de plysje yn us gemeente har uterste bêst docht om har taken nei te kommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 47