V. It is krekt foarsitter as is it noch mar justjes lyn dat ik hjir ek stie □m algemiene skogingen te hâlden en dochs is dat al wer in jier. "Tiid, ei tiid, wer bliuwst to dochs". De tiid flocht foarby en men freget jin dan wol ris ôf, wat meitsje wy d'r no eigenlik mei elkoar fan En wat koenen we der wol net fan meitsje as wy elkoar ris wat better begripe woenen, as wy niet allinne it wurd "solidair" yn'e mule hienen, mar ek ris wat mear yn praktyk brochten, as wy ris better nei elkoar harkje woenen. Ik bin fan in generaasje dy't de oarlocht '40 - '45 noch meimakke hat, en ik tink wolris: Wat hawwe wy dêr fan leard De "bewapeningswedloopfiert heechtij f 4000.000,-- per minut wurdt deroan utjûn, dit om de frede te bewarjen sa't dat dan hjit. En eltse minut stjerre der yn 'e tredde wrâld in soad minsken fan'e honger. De besprekkings oer de middellange fstânsraketten yn Geneve binne fbrutsen en it startoerlis oer de strategische wapens is ek stopset. Ek yn Wenen wurd no net mear praat. De NAVO us begûn mei it pleatsen fan de Pershings en krusraketten yn Europa, de Sowjet Unie begjint mei sokke raketten yn East Dutslân en Tsjechoslowakije. De iene jout de oare de skuld en wy sitte wer midden yn de bewapeningsspiraal De Regearingslieders yn EG-ferbân hawwe it yn Athene noch nea sa ûniens west as no, se wienen niet iens by steat om in "slotkommuniké" ût te jaan. It protektionisme stekt de kop wer op. 8 900.000 Wurkeleazen, stakingen en stiptheidsaksjes by de amtners. Maatskiplike ûnrêst: aksjefierende amtners en wurknimmers ut it bedriuwslibben geane meielkoar op'e fûst, fakbûnsbestjoerders moatte mei har hushâlding ûnderdûke om't se bedrige wurde. In regear, dat it allegearre net sjocht, der har alteast neat fan oanlûkt en werfoar ien ding hillich is: it regearakkoard In parlement wêryn de twa regearingspartijen harren fan te foaren sa fêst lein hawwe oan dat regearakkoard, dat it harsels dêrtroch bûtenspul set. Wêr is it dualisme tusen regearing en regearingspartijen yn us parlement Hoege de parlementsleden fan de regearingspartijen oars neat mear te dwaan as ja te knikken Sjedêr, dat is rûchwei it risseltaat fan it jier 1983. En yn dy wrâld steane wy en moat men as riedslid de algemiene skogingen hâlde. It liket wol as rinne wy wer rjocht ôf op de krisisjierren fan de jierren '30, men wurdt der somtiden moedeleas fan. Mar dochs sille wy de moed net opjaan moatte en dat sille wy ek net dwaan. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 59