- 2 - Fan us as fraksje fan de P.v.d.A. mei ferwachte wurde, dat wij us foar 100% ynsette. Alhoewol 't wy yn in tiid libje dat ailes net mear kin, sille wy wol opkomme foar dy minsken dy 't gjin wurk hawwe, ûnder oaren de jongere dy 't mar net oan'e bak komme kin, foar de utkearinglûkers dêr 't minsken by binne dy 't fan f 500,-- - 600,-- de moanne rûn komme moatte. Oan dy minsken, dy 't stride yn de fredesbewegingen en dan benammen tsjin de kearnbewapening - dy minsken kinne op us stipe rekkenje. Ik woe no graach wat sizze oer de plannen fan it kolleezje foar 1984 oan de hân fan de oanbiedingsbriefik sil allinne op dy dingen yngean, dêr 't wy fan tinke dat der no wat fan sein wurde moat. Net, om't der net in soad wichtige saken yn dizze oanbiedingsbrief steanne, mar as ik dêr allegear op yngean sil soe myn ferhaal te lang wurde en mei ferslate dingen komt it kolleezje dochs wer by de rie werom en dan kinne wy der noch wolris in pypfol oer prate It kolleezje begjint de aanbiedingsbrief mei har te ferûntskuldigjen foar it lette klear hawwen fan de begrutting. Ien fan de oarsaken hjirfan is, dat it ryksregear besluten dy 't nommen binne sa let per circulaire bekind makket, sadat hieltyd de boel wer oer de kop moat. As foarbyld wurdt dan neamd de finansjele ferhâldingswetdy 't op 1 jannewaris 1984 yngiet. Wy tinke yndied dat foar in grut tal gemeenten de ynfiering fan dizze wet netop 1 jannewaris te realisearjen is. Dit regear moat gau ûnder eagen sjen dat de gemeenten troch sa'n hannelwize hielendal fêstrinne. As de gemeenten ut 'e krante lêze moatte wat yn Den Haach foar harren besletten is, dan is der dochs gjin belied te fieren Ek us gemeente sil as gefolch fan dizze ferhâldingswet 10 jier lang 20.000,-- op it kleed bringe moatte, dit is net niks. Foarsitter, ik sil net yngean op aile besunigingen dy 't der folgens it kolleezje plak fine moatte: it stiet allegearre dudlik yn de oanbiedingsbrief. En wat net dudlik wie, dêr hawwe wy al skriftlik andert op krigen. Wol is it nei us betinken in goede saak dat der ek sjoen is nei de jierren '85 en '86, want sa 't it no liket sil der dan noch djipper yn it fleis snijd wurde moatte, alteast as dit kabinet trochgiet mei de gemeenten sa te behanneljen. En as ik de boargemaster fan Marum leauwe moat, dan hat it regear foar de gemeenten noch in koaltsje op it fjoer stean. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 61