- 3 - De gemeenten soenen neffens dit berjocht yn 1984 noch 60 miljoen, yn '85 noch 88 miljoen en in '86 noch 118 miljoen ynleverje moatte. "Maak je borst maar nat", soe ik hast sizze. Yn 1984 binne der net folle middels foar nij wurk foar hannen. It kolleezje sil har hjiroer neier beriede, it is in probleem (wy jouwe dat ta), mar mei us betinken sil de oplossing net, alteast net foar it jier 1984, yn belestingferheging socht wurde meie. Wolle wy foar nij wurk dekking fine, dan sil dy op in oere menear socht wurde moatte, b.g. besjen oft âlde taken ôfstaat wurde kinne en dan mei dy middels nij wurk ut te fierenWy wolle graach mei it kolleezje nei wegen sykje om dit te realiserjen. Lokkich dat ut in foarme fûns rioleringswurk wurk oanpakt wurde kin en dat dergjin finansjele tûkelteammen mear binne no 't it oan de utfiering fan it fuotbalfjild Jelsum-Koarnjum ta is, want yn dy doarpen is it hopeleas mei it sportterreinmei ferbettering moat sa gau mooglik begûn wurde. No't ik dochs by de sport oanlanne bin, freegje ik my ôf: Kinne de ferienigingen de besunigingen wol opfange, sûnder dat de kontribusje slim ferhege wurde moatte En wurde de besunigingen wol evenredich oer de ferienigingen ferdield Wy wachtsje de ûntwikkelingen ôf, mar it liket us net goed ta (en ik sis dat op foarhân), dat hjir yn Stiens in fuotbalfjild ticht moat. Op side 11 wurdt praat oer it frysk yn it amtlik ferkear: der sil neigien wurde hokker finansjele en personiele konsekwinsjes dit hat. Wy binne bliied, dat it kolleezje hjir de nedige oandacht oan skinkt en sa mooglik sille wy ûs stientsje hjir ek ta bydrage. Ut fraksje wie tsjin utwreiding fan it gemeentehûs, teminsten tsjin dat gedielte dêr 't gemeentewurken no yn komtWy wienen fan betinken dat soks yn dizze tiid finansjeel net verantwurde wie. Wy hawwe dy slach ferlern, foarsitter, mar wy sille ûs as goede demokraten gedrage en binne bliid, dat de bou foarspoedich giet en hoopje, dat it ûngeriif wat dit meibringt sa gau mooglik oan 'e kant is. Faaks is it winsklik om in diel fan it besteande buro gemeentewurken en de eardere tsjinstwente fan de direkteur ôf te stjitten. De gebouwen sille yn elts gefal net lang leech stean meie. Sa stadichoan komt der wat mear tekening yn de automatisearing In teken fan 'e tiid, dêr 't min net omhinne kin. Har wol in ûntjouwing, dy't de nedige arbeidsplakken wer kostje sil. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 63