- 4 - Oer iepenbiere oarder en feiligens in pear opmerkings. Oer de feiligens fan it ferkear benammen ope dyk Stiens-Ljouwert makket us fraksje har soargen, foaral de fytsers leverje in grut probleem op. Ek meitsje wy us soargen oer it kruspunt Brédyk-Bûtenskilweidêr moat gau wat oan barre. Wy witte, dat ek it kolleezje hjir noed mei hat en wy kinne der net by, dat dizze beide neamde problemen sa troch de provinsje op 'e lange baan skood wurde. Ek oer it gefaar dat it fleanfjild meibringt hawwe wy wat langer wat mear soargen. As yn in koart skoftsje tiid twa strieljagers ferûngelokje en as wy dan witte, dat de fleanroute nei it fleanfjild oer Stiens west-oriënt- Koarnjum-Jelsum en sa nei de start. en lanningsbaan rint, dan hâlde wy us hert fêst. As derneist yn de leste gearkomste fan it Oerlisorgaan iderkear foarstellen fan oarder yntsjinne wurde om in oar sa it wurd te ûntnimmen, benammen as it oer it aspekt feiligens giet, dan freegje ik my ôf, foarsitter, wêr binne wy no meielkoar mei oan'e gong Underwiis Wiidweidich giet it kolleezje yn op underwiis. Dat is ek net sa ferwûnderlik, om't it spoek "besuniging" ek by it ûnderwiis taslacht. Ut fraksje is it yn grutte trekken iens mei it kolleezje, sa't sy de saken ferwurdzje yn de oanbiedingsbriefdat folle hawwe wy hjir net oan ta te foegjen. Toch in pear opmerkings: wy binne der bliid om dat yn it ôfrûne jier gjin twongen ûntslach by it ûnderwizend persoaniel fallen is. Fierders skriuwt it kolleezje dat G.S. ûntheffing jaan moatte foar de te stichtsjen basisskoallen yn Hijum en Britsum, om't it tal learlingen net oan de wetlike easken foldocht. Wy binne ban dat dit in probleem fan de neiste takomst wurdt. As staatssikretaris Leyenhorst syn sin kriget, dan sille aile skoallen mei minder as 23 learlingen ferdwine moatte. It soe in ramp foar in soad lytse doarpen betsjutte. Soe hjir ek in taak lizze foar de gemeentebestjoerenfaaks via it VNG by it regear te bepleitsjen om dit foarnimmen net ut te fieren. In soart lytse doarpen hjirfan wurde de dupe. - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 65