- 5 - Foarsitter, ik wol in bytsje wiidweidiger yngean op it wolwêzen, om't dat foar us partijbenammen yn dizze tiid, hiel wichtich is. Wy kinne hast folstean mei deselde wurden oer it haadstik wolwêzen, as by de foarige Algemiene Skôgingen, alinne is it no noch tryster as ferline jier. Foar 1983 moest 6% besunige wurde op Sosiaal Kultureel wurk Dochs binne it alphabetiseringsprojekt en in wurkleazeprojekt utein set. □it betsjutte lykwols net dat der reden wie foar optimisme. It besunigingsspoek ware rûn, de ûnrêst wie siedde. Yn it kommende begruttings- jier moat der 20% besunige wurde. Us fraksje hat al earder sein dat de besunigingen dy't us fanut Den Haag wei oplein wurde trochberekkene wurde moatte. Net, om't wy it dêr as P.v.d.A. fan herten mei iens binne, krekt oarsom, mar ek om dudlik te meitsjen hokker polityk yn Den Haag troch dit kabinet bedreaun wurdt. Benammen yn de wolwêzen-sektor is it in ûnferantwurde foarse yngreep krekt yn in tiid fan tanimmende wurkleazens mei aile gefolgen dy't dit meibringt Wy binne fan betinken dat wy net noch in kear in ekstra berop dwaan meie op aile boargers om dit soarte fan besunigingen troch gemeentelike belesting- ferheging yntefoljen. Dat betsjut lykwols al dat yn ferskate sektoren oplossingen fûn wurde moatte. Sadwaande sille der slimme en pynlike beslissingen nommen wurde moatte. Dit kin sels ynhâlde, dat diene tasizzingen net ût fierd wurde kinne b.g. it Griene Krusgebou foar de kaart- en biljertklub, om't it no in ûnferantwurde utjefte is, dêr't gjin ynkomsten tsjinoer stean. Der sil oan ien wei ôfwoegen wurde moatte hokker belangen der op it spul stean, wêrby't wy foar in subsydzjebelied soargje moatte dat wissichheid jout foar dy groepen fan us maatskippijdy't der it measte ferlet fan hawwe sille. Dêr bedoele wy mei dat subsydzjes op de juste plakken terjochte komme moatte. It sil hieltyd slimmer wurde om de juste kar te meitsjen. Wy binne fan betinken dat der oan in tal saken grutte oandacht skonken wurde moat. 1. Foarkar moat jûn wurde oan projekten foar groepen dy't yn in efterstân- situaasje reitsje of driigje te kommen Wy wolle dat rommer sjen as allinne wurkleazens, want wurkleas wêze of wurde hat net allinne grutte gefolgen foar dyjinge dy't it treft mar ek foar syn of har neisje omjouwing. Grutte soargen hawwe wy, foarsitter, oer de plannen foar de op te rjochtsjen frijwillegerssintrale - 6 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 67