- 6 - Ek oer de wurkleazens dy't mei behâld fan utkering wurk ferrjochtsje meie. Komme der op dizze wize gjin twa soarten wurknimmers Ien dy't normaal oan't wurk is en ied dy't wurk docht mei behâld fan utkearing en sil hjir nei ferrin fan tiid gjin misbrûk fan makke wurde Wy sille de ûntjoudingen ek yn us gemeente tige kritysk folgje. 2. De wurkgelegenheid moat oan't it uterste ta wis bliuwe. Froulje meie net ekstra de dupe wurde. Dat wol sizze: minder "oan 'e bak" komme kinne, en as earste der wer ut. 3. Foar de bejaarden sil men stribje moatte nei in uniform belied, dêr't ûngelikensens weinaam wurde moat. 4. Ek mezykûnderwiis sil yn syn gehiel opnij besjoen wurde moatte om ta in gearhingjend belied te kommen 5. Oerlappingen meie net foarkomme. Dochs sille wy trochgean moatte benammen de nije struktuur fan de beleids- kommisje wolwêzen sa goed mooglik besykje te ferwêzentlikjenIn wolwêzens- beleid op sosiaal-kultureel mêd yn in sa nau mooglike gear wurking mei de basis besykje op te setten. Dan is aile ynspanning net fergees west. Sosjale saken Fan dit part fan us gemeentlike taken hearre wy nea net safolle. Dit komt foar 't neiste om't it goed rint. Net yn dy sin, dat der minder minsken komme om in utkearing, krekt oersom, mar wol dat se skiklik behannele wurde. Wy sitte tige yn noed oer de problemen, dy 't de lytse selsstannigen hawwe Dat der hieltyd mear boeren en middenstanners sadanich yn't knoei komme, dat se in berop dwaan moatte op de Rijksgroepsregeling Selsstannigen - sis mar: de bystânswet. It is in ferskynsel dat troch us fraksje as in "teken aan de wand" sjoen wurdt yn dizze tiid. De sterk ferminderjende keapkracht hat ten gefolge dat ek de winkellju harren omsetten minder wurden sjogge. De sosjale tsjinst moat it spul opheine, as men by de banken net mear terjochte kin. As gemeente kin men hjir in bytsje oan dwaan, mar soks soe it regear ek ris oan it tinken sette moatte. Wy moatte 10%, mar sy 90% fan dizze kosten drage. Dêrtroch geane dus de lêsten fan de kollektive sektor omheech. Naatskiklike tsjinstferliening No in inkelde opmerking, foarsitter, oer de maatskiplike tsjinstferliening en dan kin ik net hinne om de riedsgearkomste fan 27 oktober fan dit jier, dêr't it gie oer it gearwurkjen fan Frentsjer en de Stichting Hallum en dan witte wy allegearre wol wêr't wy it oer hawwe. - 7 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 69