- 7 - It gie der yn dy riedsgearkomste om te besjen oft der ek mooglikheden foar gearwurking yn federatief ferbân tusken beide stiftingen wienen, net mear en net minder. Mar wat dêr doe sein waard, sawol troch de CDA- wurdfierder as troch de CDA-wethâlder, halde ik net foar mooglik. Ik ha letter tocht, en ik hoopje dat ik it by it rjochte ein ha, dat se wat sénuweftich wienen, om't it hiele bestjoer fan de Stichting Hallum op 'e publieke tribune siet. Oars kin ik it net ferklearje, wat benammen us fraksje dêr yn't skuon skood waard. □er waard ûnderhannele mei it mes op'e tafelsoasialisten lieten neat oer oan it partikulier initiatyf, wy woene dat de oerheid ailes bedissele: fusearje of liquidearje, dêr wienen wy op ût. Ik haw dat bandsje fan dy jûn nochris beharke, foarsitter, ik sil ailes net herhelje wat der doe sein is, want dat nimt tefolle tiid yn beslach. Hwa't it ynteressearret soe foar de aardichheid dat bandsje ris beharkje moatte. Der waard sels sein dat yn in demokrasy rjucht fan ferieniging en fergadering wie, krekt as soenen soasjalisten der op ut wêze dat te ferbieden. In demokratysk soasjalist wol net dat ailes troch de oerheid bedissele wurdt, mar hy wol al, dat de oerheid de swakkeren yn us maatskippy hoedet. Wy wine der gjin doekjes om, dat wy en mei us ek in hiel soad CDA-stimmers fan betinken binne, dat ien stichting genôch is, ek al om't yn de stichting Frentsjer aile rjochtingen fertsjintwurdige binne, ek griffermearden sitte dêr yn. Mar dêr gie it dy 27e oktober net om: It gie der om nei te gean hoe't wy yn dizze tiid fan besunigingen yn federatyf ferbân in goede gearwurking krije koenen "Wer bedarje wy as elts mar op eigen houtsje begjint", hat de foarsitter fan it kolleezje doe sein, "lit us "samen op weg gaan" om ta in goede gearwurking te kommen". Wy wienen dat alhiel mei him iens. Fan de FNP-fraksje, dy't altyd besunigjen foaroan yn't mêle hat en no fan betinken is dat ut in eachpunt fan besuniging de stichting Hallum net gearwurkje hoecht mei Frentsjer, (want dêr komt it no yn wêzen op del), begryp ik ek neat mear. Foarsitter, ik hâld der oer op, faaks moatte wy hjir noch wol ris wer oer te set, mar it siet my dwers, dat benammen ut CDA-hoeke wei krekt dien waard (en ik sis it no efkes mei myn eigen wurdenas soenen soasjalisten oers neat wêze as pionnen fan 't steat, dy't gjin rûmte oan oarstinkenden jaan wolle. - 9 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 71