- 9 - En no foarsitter, soe ik noch graach in wurdsje sizze wolle tsjin it rieds- en us fraksjelid Herman Beuker. Is is spitich om as riedslid tuskentiids ophalde te moatten, mar Herman hie dat in hiel skoft lyn al ris tsjin my sein: "ik kin it der hast net mear by dwaan-ik bin foar myn wurk hast aile jûnen fuort en dy jûnen, dy't ik dan al thus wêze kin geane oan it riedswurk fuort, ik doch myn frou en bêrn tekoart. Wy wurdearje it Herman datst de prioriteiten sa leist sa ast se lein haste, mar wy fine it spitich datst fuort gieste. Net allinne dat wy, ast wer ris wat jild fûn hieste, dyn glinsterjende brune eachjes komme te missen, mar ek om dyn fakmanskip as finansjeel ekspert fan us fraksje. Want ik bin der earlik yn, ik bin salang 'it ik no meidraai yn'e fraksje noch netien tsjinkaam, dy't sa goed wist hoe't finansjeel sjoen it gemeentelik apparaat draait, as do. Allinne, en elts mins hat syn eigenaardichheden do kaamst der wol ris wat frjemd mei oan: dan wiest en bist noch krekt in kweajonge, Herman, we meitsje der gjin drama fan, mar wy komme dy al te missen. Do wiest in goed fraksjelid en hast in soad foar us partij dien. Do wiest ek in riedslid, dat gauris efkes oankaam om ien as oar te oerlizzen, dat ha ik altyd tige yn du wurdearre. It giet dy goed, do hast us tasein dat mochten wy mei finansjele swierrichjeden sitte, wy wol in berop op dy dwaan kinne. Dyn opfolger Wierd Visser wol ik no fan dit plak ôf wer yn us fraksje wolkom hite. Ik bin der wis fan dat de gearwurking mei him wer like goed wêze sil as yn it ferline. P.S. Foar Herman fan'e fraksje noch in blomke.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 75