Agendapunt: 7. Foarstelnûmmer 84/ 55. Underwerp Stiens, 16 april 1984. ferkeap twa perselen bouterrein yn d'Orient (hoeke Felixwei/Cedrushôf) Oan de gemeenterie. Yn it bestimmingsplan d'Orient op de hoeke Felixwei/Cedrushôf is noch in bouterrein oanwêzich dêr't twa frijsteande wenningen op boud wurde kinne. Dêrfoar is in plan ûntwikkele troch Pré-Bo-Hûs te Frentsjer, dêr't yntiids keapers foar fûn binne. De oanbelangjende boukavel wie yn't earstoan bestemd foar in wente mei mooglik fersoarchjend of ambachtelik bedriuw (VAB)No't hjir allinne mar wenten op boud wurde sille, moat de grûnpriis dêr op ôfstimd wurde. De bouterreinpriis foar kavels bestemd foar frijsteande wenningen berûn yn it lêstoan foar d'Orient f 28.021 ,-- de kavelDy kavels wiene ornaris likernôch 450 m2 grut. Yn it gefal dat ûnder hannen is giet it om terreinen mei in oerflakte fan 355 m2 Wy binne fan betinken dat by it fêststellen fan de priis fan dizze bou- terreinen mei de lytsere oerflakte rekken holden wurde moat en stelle jimme foar dy terreinen te ferkeapjen foar in bedrach fan 355/450 x 28.021, f 22.100,-- eksklusyf BTW. De te nimmen besluten lizze yn ûntwerp op besjen. Heechachtsjend, Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J .P.v.d.Kooi HBoschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 27