Agendapunt 8. Foarstelnûmmer 84/56. UnderwerpStiens, 16 april 1984. ferkeap stripe iepenbier grien oan de Wearklank te Stiens Oan de gemeenterie. Fan de hear P. Damstra, Wearklank 4 te Stiens krigen wy it fersyk fan it njonken syn wente leine iepenbier grien, in stripe fan likernôch 2 meter breed oan him te ferkeapjen. Sjoen it oerflak dat it iepenbier grien hjir bestrykt en de ynrjochting dêrfan (gazen beplante mei jonge stambeammen) is der neffens us gjin beswier tsjin ferkeap. Wy stelle jimme foar de frege stripe grûn, dy't op de by de stikken op besjen lizzende tekening neier oanjûn is, te ferkeapjen foar de dêrfoar wenstige priis fan f 10,-- de m2 en mei de wenstige betingsten, sa bedoeld, dat de keaper op syn kosten soargje moat foar in hiemôfskieding ta geriif fan de direkteur gemeentewurken Oe kommisje Iepenbiere Wurken, Ferkearssaken en Miljeuhygiëne kin it iens wêze mei us foarstel. It te nimmen beslut leit yn ûntwerp by de stikken op besjen. Heechachtsjend, Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster. J.P.v.d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 35