Agendapunt 9. Foarstelnûmmer 84/ 57 Underwerp Stiens, 17 april 1984. wiziging behearsoardering Skilhiem Oan de gemeenterie. Koartby naam jimme rie it beslut ta it fêststellen fan de "Oardering, regeljende gearstalling foar it behear en de eksploitaasje fan it fersoargingshûs "Skilhiem" te Stiens". Yn kêst 5, lid 3 fan dy oardering is fêststeld: "It lidmaatskip fan de kommisje einiget allyk sa, wannear't in lid de âldens fan 70 jier berikt. Dy beheining jildt net foar de leden neamd yn kêst 2, lid 1, sub a en foar de leden neamd ûnder c bywannear't sy brûkers binne fan "it hûs". De leden sub a binne dy, beneamd ut us kolleezje. Net neamd wurde de leden sub b, t.w. de leden beneamd ut en troch de gemeenterie. Dêr't in utsûndering makke wurdt foar de leden beneamd ut us kolleezje, hie dy ut soarte ek makke wurde moatten foar de leden ut de rie. Wat de leden sub c oanbelanget (beneamd troch de rie ut de mearderjierrige ynwenners) is oansluting socht by it yndertiid wizige reglemint foar de wenning- ferdielkommisje By neier ynsjen binne wy lykwols fan betinken dat it stellen fan in âlderdomsgrins foar de te beneamen leden yn de behearskommisje der't it hjir om gietno noch skrast wurde moat. Dit nammerste mear no't de leden fan de behearskommisje op syn heechst 2 tiidrekken fan 4 jier oanbliuwe kinne en "sitten bliuwe" oant op hege jierren dêrtroch al beneistenby utsletten is. Wy stelle jimme foar kêst 5, lid 3 fan earder neamde oardering te skrassen. Wy wize der hjir noch op, dat de behearskommisje Skilhiem it mei dit utstel iens wêze kin It te nimmen beslut leit yn ûntwerp by de stikken en kin ynsjoen wurde. Boargemaster en wethâlders fan de siktaris. Ljouwerteradiel de boargemaster. J .Pv .d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 39