/V
Underwerp
Riedsgearkomste Stiens, 17 augustus 1984
Oan
de gemeenterie
Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 23e augustus 1984 by
te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en
begjint om 19.30 oere.
De boargemaster
H.BOSCHMA.
Nr. fan de
wurklist
WURKLIST
Nrfan it
ûtstel
1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgear
komste fan de 28e juny 1984
2. Ynkommen stikken en meidielings 84/87
3. Utstel oangeande it wizigjen fan it Algemien Amtner-
reglemint, de Ferpleatsingskostenoardering en de
Oerlizoardering 84/88
4. Utstel by in oanfraach fan it bestjûr fan de feriening
foar Kristlik Underwiis te Britsum om meiwurking foar
it oanskaffen fan leer- en helpmiddels foar de beuker-
skoalle "De Sprong" te Britsum 84/89
5. Utstel by in oanfraach fan it bestjûr fan de feriening
foar Kristlik Underwiis te Britsum om meiwurking ex art.
72 fan de L.U.-wet 1920 foar it oanskaffen fan in mikro-
foan en helpmiddels by in nije rekkenmethode foar de
legere skoalle "De Foarikker" te Britsum 84/90
6. Utstel oangeande it wizigjen fan de foarrangsregeling
fan de krusings Uniawei en de Van Wyckelstrjitte te Stiens 84/91
7. Utstel oangeande de fragenlist ynsake nijbou, ferbou en
ferbettering fan wenninçen yn it tiidfek 1985/1989 84/92
8. Utstel oangeande it wizigjen fan de oardering fan de
Kommisje foar opdrachtenbelied op het mêd fan bieldende
foarmjowing en boukeunst 84/93
9. Utstel oangeande de subsydzje- en procedureregeling
Algemien Maatskiplik Wurk 84/94
10. Utstel oangeande de ôfrekken oer de jierren 1976 t/m
1982 mei de Prot.KrStifting Maatskiplik Wurk en Ge-
sinsfersoarging te Hallum 84/95
11. Utstel oangeande it beskikberstellen fan in liening
oan Stifting Doarpshûs "De Bining" te Koarnjum fan
15.000,tsjin in rinte van 9% 84/96
12. Utstel oangeande it garandearjen fan in jildliening
foar great ûnderhâld en it ferbetterjen fan 34 wenten
fan de Wenningstifting Ljouwert - Ljouwerteradiel te
Stiens 84/97
13. Utstel oangeande it plan: "It Iepenbiere Bibliotheek-
wurk yn Fryslân 1986 - 1988. 84/98
14.
Begruttingswizigings
Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 18e augustus 1984
foar de leden fan de rie op besjen.