Wurklistnû; 8. Utstel 84/105. Underwerp: Stiens, 6 septimber 1984. Frysk yn it Offisiële Ferkear Oan de gemeenterle Mei brief fan 4 maaie 1.1. hat it kolleezje fan Deputearre Steaten ûs it Einrapport fan de koramisje Frysk yn it offisiële ferkear, mei de titel "Fan Geunst nei Rjocht" tastjoerd. Deputearre Steaten freegje ûs om ûs réaksje te jaan op dat rapport en benammen op seis fragen dy't hja yn har brief dellein hawwe, en dêr't wy aanst op yngean sille Foar de fierdere ynhâld fan dat brief en foar it rapport "Fan Geunst nei Rjocht" meie wy jimme ferwize nei de stikken yn de riedsportefeuille Yn har réaksje fan 26 septimber 1978 op it doedetiids ûtkommen Tuskenrapport fan de wurkgroep Frysk yn it Offisiële Ferkear hat jimme rie ûtsprutsen it folslein iens te wêzen mei de ûtgongspunten fan dat Tuskenrapport. It Einrapport is in neiere ûtwurking en ferdjipping fan it Tuskenrapport. Mei ynachtnimming fan wat yn punt 1.4 fan it Kolleezjeprogram oer dizze oangelegenheid sein wurdtkin it neffens ûs dan ek net oars, dat it positive oardiel oer it Tuskenrapport fan doedestiids no ek fan tapassing is op it Einrapport. Wol is it sa, dat de sûnt dy tiid fermindere finansiële situaasje fan de gemeente en dêrmei anneks de fermindere mooglikheden om mankrêft oan te lûken c.q. frij te meitsjen, ûs twingt ta mear ferdrach en fasearring by it lûken fan de praktyske konsekwinsjes ût ûs positive opstelling. Wat de seis fragen yn it brief fan Deputearre Steaten (dy't wy koart om'e hoeke gearfetsje) oanbelangie, it folgjende: 1. Wat tinkt Jimme fan de grûngedachten fan it rapport oangeande it gelikensens- begjinsel, de evenredige ferdieling fan rjochten en plichten oer de Fryske en de Nederlânske taalgroep, en de dielde ferantwurdlikheid fan ryk, provinsje en gemeenten oangeande it Frysk yn it offisiële ferkear Mei dizze grûngedachten kinne wy folsein ynstimme. Wy wolle dêr oan tafoegje, dat op grûn fan wat wy niis sein hawwe oer de finansiële situaasje fan de gemeente, ynstelling fan in ryksbydrageregeling ûs in tige wichtich betingst ta liket om goed fuortgong meitsje te kinnen mei de fe rtsterking fan it Frysk yn it bestjoerlike ferkear op gemeentlik nivo. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 35