- 2 - 2. Wat tinkt jimme fan de ûtwurking, dy't it rapport jout fan de begjinsels fan lykweardigens en lykberjochtiging 3. Wat tinkt jimme fan de regeling, dy't it rapport ûtstelt foar de rjochts- beskerming fan Frysktaligen en Nederlânsktaligen. 4. Wat tinkt jimme benammen mei it each op de gemeentlike autonomy fan de regeling, dy t it einrapport ûtstelt: in taalwet mei minimale (ynhâldlike) regels en in fakultatyf beliedsplan Ek de gedachten en utstellen fan it rapport op dizze punten hawwe ûs ynstimming. 5. Moatte der njonken de besteande maatregels (taalburo Fryske Akademy, kursus Frysk oan de Bestjoersskoalleprovinsiale projektbegelieder) noch oare foarsjenningen komme Dizze kwestje kin de provinsje sels, ek yn it ramt fan de yn fraach 1 bedoelde dielde ferantwurdlikens better .oersjen en beoardielje as de gemeenten. Wol fine wy, dat not de gemeenten yn de hjoeddeiske finansiële situaasje sels net folle romte hawwe foar it treffen fan struktuerele maatregelg, it belang fan de understrypjende foarsjenningen op provinsiaal nivo ("de provinsiale Steunfunksje") nammers te grutter is 6. Wat tinkt jimme fan de tinzen fan it rapport oangeande Fryske gemeente- en plaknammen De kommisje Algemiene Saken is fan betinken, dat ferfrysking fan de gemeentenamme en de doarpsnammen in soad diskusje oproptwylst it mear symboalyske as wêzentlike betsjuttmg hatIn ferstannich belied op it mêd fan it Frysk yn it offisiële ferkear sil dêr (alteast wat ûs gemeente oanbelanget) ek net mei ûteinsette moatte. Wy slute ûs dêrby oan. Ta beslût noch de fraach, wat wy op dit stuit fierder dwaan kinne ora it plak fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear fan ûs gemeente ût te wreidzjen. Nei it ferskinen fan it boppeneamde Tuskenrapport yn 1978 binne yndertiid de folgjende maatregels ynfierd: yn it Frysk stelde ynkommen brieven ensfh. wurde yn it Frysk beantwurde; - de wurklist fan de riedsgearkomsten wurdt yn it Frysk steld; advertmsjes in provinsiale blêden, benammen oproppen foar sollisitanten wurde yn it Frysk steld. Ek it riedsferslach yn de "Stienzer Omropper" is ornaris(alteast foar in part, yn de Fryske taal steld. As fierdere stappen steane ûs de folgjende foar eagen: 1. Wy sille de amtners fan ûs gemeente stimulearje om de kursus Frysk fan de bestjoersskoalle te folgjen; 2. (Neist itjinge ûnder 3 ûtsteld wurdt:) per riedsgearkomste 3 5 riedsûtstellen yn it Frysk; net allinnich oer Frysk-kulturele oangelegenhedenmar oer ût- inoar rinnende ûnderwerpen. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 36