- 4 - Oer dit utstel wurdt it wurd fiert troch de hearen Damstra, Roorda, van der Ende, Visser, van Iperen en Jansma, frou Visser. Wethâlder van Rijn en de foarsitter. De hear Damstra seit ûnderoaren dat er ferbjustere is oer it utstel fan de mearderheid dan de kommisje alg. saken wer't it giet om it ferfryskjen fan gemeente- en doarpsnammenHy is fan betinken dat as men wêzentlik tawol op in Frysk taalbelied Fryske nammen op de buor- den fan de gemeente moatte. Mei minder kin it neffens him net ta. Hy pleitet der foar jild beskikber te stellen foar it stimulearjen fan it gebrûk fan it Frysk ek troch de amtners Wat yn it Frysk sein wurdt, moat nei syn betinken ek yn it Frysk oantekene wurde. De hear Roorda dielt mei dat syn fraksje even fjirder gean wol as it kolleezje. It giet neffens him om in stikje earherstel fan it Frysk. Oan de oare kant kin it ek net "fan de flier op 'e souder". Hy stelt ut: - de plaknammen yn it frysk - it gebrûk fan it frysk yn it besjoerlik ferkear befoarderje. De hear van der Ende wiist op de finansjele posysje fan de gemeente. Syn fraksje stiet efter it utstel fan it kolleezje. Men is troch- krongen fan it belang fan de Fryske taal. Mar doch it mar kalm oan. De hear Visser is ferndvere oer de reaksje fan de rie, sjoen de diskusje yn de kommisje Alg. Saken. It grutste part fan syn fraksje kin it iens wêze mei de trije stappen die 't it kolleezje foar eagen stean Fjirder is ek hy van betinken dat wat yn it Frysk sein wurdt ek yn it Frysk oantekene wurdt. Mevrouw Visser zegt een afwijkend standpunt te hebben. Het beleidsplan van de gemeente Smallingerland spreekt haar meer aan. Zij stelt voor dit over te nemen. Wethâlder van Rijn is fan betinken dat yn it utstel better stean kinnen hie foar wat nammejSwing oanbelanget dat it giet om it stânpunt fan de mear derheid fan de kommisje A.S. Hy hellet oan op hokker maniet der oer dizze saak praat is en wat de konkluzje wie. It kolleezje seach net folle mear mooglikheden dan yn dit utstel neamd binne. Ek de finansjele kant sit jer oan. It kolleezje komt noch wol mei in utstel hjir oer. It kolleezje sjocht net foarby oan de belangen fan Nederlansktalige boargersIt hat der respekt foar. It omgekearde - it sjen fan de be langen ta it behâld fan it Frysk heart der ek te wêzen. As de miening fan de kommisje Alg. Saken oangeande de plaknammen mis west hat, dan sil der op 'e nei oerliz mei dy kommisje komme moatte. It giet no om de fraach yn hoefier men ynstimme kin mei dit stik. Nei noch wat diskusje oer it ien en oar makket wethâlder van Rijn de einbalâns op: de fraksje fan de V.V.D. en de meerderheid dan de PvdA kin mei dit stik ynstimme - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 6