UJ- C.D.A. fraksje Algemiene skôgingen 1985 Foarsitter Doe't ik raysels ôffrege,wat ik my foarstelle moast by algemiene skôgingen,moast ik tinke oan de wurden dy't in âld boer yn Britsum eartiids plichte te brûken, as raen him frege,wat er fan it v/aar tocht. Hy begûn dan stéfêst mei:As ik de loft skôgje.... En. dan. kaam syn. waarfoarsizzing. Soene algemiene skflgingen ek net wat ha fan in waarpraatsje? It liket der wol op,want it waar hat ek te krjjen mei de tiid fan it jier. En it is no maityd,no't wy dizze skôgingen hâlde. Stie by de begruttingsbehanneling fan 1984 de winter letterlik en figuerlik foar de doar,dizze begruttingsbehanneling stiet mei noch folle flnwissichheden dochs mear yn it teken fan moai waar en lange dagen. Ik wol net sizze dat wy no mar moai v/aar spylje moatte,mar it liket der wol op dat wy de slimste kjeld hawn ha en dat wy ek noch knap troch de winter kommen binne. It is ommers sa,dat der nettsjinsteande de bestinigingen fan ferline jier noch wol it ien en oar realisearre is. Ik tink oan de ferbou en ûtwreiding fan it gemeentehûs. It opknappen fan de Lege Hearewei. De oanliz fan in rekreatyf fytspaad lâns de Dokkumer le. Der is in begjin makke mei de oanliz fan kabel t.v. En ek de normale tsjinsten en foarsjenningen koene op in tige ridlike manear draaiende hâlden wurde. Dit wie mooglik omdat de finansjele posysje fan de gemeente sûnder mear sûn te neamen is. En no lykje de mooglikheden justjes grutter as in jier lyn tocht waard. It is net sa,dat de mooglikheden no ûnbeheind binne,mar as der foar ûtsetting fan it budget lyts 3 ton rûze wurdt en as dan foar "éénmalig" noch in bedrach Beskikber is fan 2 ton,dan kin men al wer in doar iepen goaie. It is dan saak de mooglikheden dy't der binne sa goed en ferantwurde mooglik te benutsjen. De iene sil dèrby de prioriteiten wat oars lizze as de oare,mar dat heart by de demokrasy

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 21