z. Yn it gemeentebestjûr sitte ûnderskate polityke partijen mei gauris ûngelikense mieningen mar dochs mei itselde doel,it krewearjen foar de leefberens yn dizze gemeente. Wat ûs fraksje oanbelanget,wy sille kommende ûtstellen posityf benei komme mar ek kritysk besjen. Wy hoopje dèrby likegoed praktysk as prinsipiëel te wêzen. Inkelde kanttekeningen by it belied. Personielsbelied. It ûtgongspunt moat neffens ûs wêze,it stribjen nei in sa efficient mooglik funktionerend oerheidsapparaat. Mar as der dan troch b.g. arbeidstiidferkoarting rorate komt foar ..ije arbeids- plakkendan moat der,ôfhinklik fan de finansjele mooglikheden,dochs net skromme wurde dy arbeidsplakken sanedich yn te foljen. IVant dat is it ûteinlike doel fan de arbeidstiidferkoarting,it ferpartsjen fan de aloan krapper wurdende mannichte wurk. Frysk yn it offisjele ferker. "Vy ha in bulte wurdearring foar datjinge dat op dit stuit bart,it is in begjin, en wy sille sûnder mear ynstimme mei mooglike ûtwreiding fan it Frysk. Régionale yndieling gemeenten. Der stiet in fierdere ûtbou fan it yntergemeentlik meiïnoar oparbeidzjen oan te kommen. Wy binne fqn miening dat just dèrby omtinken jûn wurde moat oan in demokratysk keazen fertsjinwurdiging.Dus it safolle mooglik ynskeakeljen fan keazen besjûrs- ledenek yn it deistich bestjûr. Underhâld wegen. It docht ûs goed dat it kolleezje posityf reagearret op ûs fraach on mear om tinken te jaan oan it ûnderhâld fan wegen binnen de beboude kom. It leit der no op plakken sûtrich by. Ferkear. It komt gauris foar dat by reconstruksjeplannen fan wegen binnen de beboude kom ferkearsremjende maatregels ûtsteld wurde. Wy binne fan betinken dat by it meitsjen fan dizze plannen,foarôf kritysk besjoen wurde moat oft soksoarte foarsjenningen praktysk nut hawwe en doelmjittich binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 22