y -7ZL Jk, foarsitter, in fe^ette skôging fan de ?,X*.P.fraksje cer it ôfrûne jier. Ik krij wolris it gefoel dat mer. oer it al gémien net sa wiis is mei de mooglikheid ta it hâlden fan algemiene skôgingen. Wij tinke dér wat oars oer. It is ien fan de mooglikheden om oerdrachtelik en iudlik te meitsjen hoe as de hâlding is fan de fraksje yn it gemeentlik bestel, en wat oerweg.ings as mei spylje ta de beslûtfoarming fan us fraksje Dy opstelHing, en it hoe en v/êrorc, sil de mienskip net werom fine kinne ut de oantekens fan de Rie fan hjoed de dei. Om dêrut in klear byld te ferkrijen is net maklik. De doelstelling fan in skôging is, om foar elts persoanlikjof as fraksje, ien kear yn it jier de frijheid te hawwen jins miening kwyt te kinnen. Ik fyn dan ek dat it gjin pas jout ony/oer foargeande skôging en in oardiel ut te sprekken lykas de fraksjefoarsitter fan de P vd A ferline jier die. Skôgingen binne net bedoeld as in jûn"frij wrakseljen" yn de Rie, wat net sizze wol dat elts it rjocht bat om us letter ris oan it jaske te lûken yn de sin fan, ja hark ris, yn Jo skôgingen fan doe en doe seine Jo dat en dat. As ik d.izze oanset sit te skriuwen, foarsitter, dan binne wij noch net alhiel los fan it alvestêde barren; wat in stik Fryslân promoasje v/er't miljoenen minsken troch oansprutsen waarden. En dan hear ik aer de radio heechgeande rûzje oer it takennen fan in priis oan Hugo Brandt Corstius.-.= -» - Ik bin fan betinken dat mannichien it better begrepen hie as de kopstikken fan dizze perfekt rinnende alvestêdetrein in priis krigen hiene. Dér hie alteast gjin spul ut fuort kommen. Der wurde us hjoed de dei in soart kulturele patroanen tatocht of opkrongen faak mei heechstandsjes fan politike ferwurvenheden en ynfloeden. En as ik dan de gearkomsten meimeitsje fan us lêste foarljochtings- bijienkomsten foar nije ynwenners en dér de fraach steld wurdt af hja tis taal wol fersteane, dan stekt nimmen de finger omheech, wylst ik der wis fan bin dat in tal minsken us taal op dat momint noch net machtich is. Sjoch, gearkonste, foar sokke minsken haw ik respekt. Se wolle net opfalle mar besykje har yn te passen yn it streekeigene. A J

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 25