Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 30 maaie 1985.
Oanwêzich: mefrou G. Visser en de hearen J. Teitsma, P.de Haan,
J.D. van Iperen, 0. Faber, J. van der Ende,
H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R. Ketellapper
en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser.
Afwêzich mei kundskip: de hear F. Damstra.
Foarsitterde hear H. Boschma.
Siktaris de hear J.P. van der Kooi
Bân II - i 000 m.
-o-o-o-o-o-
Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de
25e april 1985.
Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hearen Roorda, de Haan en
wethâlder van Rijn.
De hear Roorda bringt nei foarren dat hy by de besprekking oer punt 7,
oer de finansiering fan it Sosjaal Kultureel Wurk frege hat, oft der
mei achtslaan fan de ûnderfining fan de ôfrune 4 jier in finansjeel
plaatsje makke wurdt foar de kommende 4 jier wer oer de ri3 him utsprekke
kin. Hy doelde derby op in soart besinning nei oanlieding fan de opdiene
ûnderfining fan de ôfrune 4 jier foar dat it neie 4-jierrenplan
ûntwikkele wurdt
De beslutelist wurdt foar it oare ûnferoare fêststelt.
Ynkommen stikken en meidielings.
85/63
Hjiroer wurdt it wurdt fiert troch mefrou Visser (II-e), de hearen
Boersma (Il-d en Ill-a, d en e)Teitsma (Il-d en Ill-e), Faber
(Ill-d), de Haan (III-c en d)wethâlder van Rijn en wethâlder Visser.
Oerienkomstich de ûtstellen fan it kolleezje wurdt besluten.
Utstel oangeande it oankeapjen fan grûn oan de Middelsédyk te Stiens
fan mefrou B. Dankert-Elzenga en de hear W.S. Boersma te Stiens.
85/64
Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hearen Faber, de Haan en
wethâlder van Rijn.
SÛnder haadlike stimming wurdt oerienkomstich it utstel fan it kolleezje
besluten