Beslûtelist fan de ekstra riedsgearkomste fan 6 juny 1985. Oanwêzich mefrou G. Visser en de hearen P. de Haan, 0. Faber, J. v.d. Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Ofwêzich mei kundskip: de hearen J. Teitsma, J.D. van Iperen en F. Damstra. Foarsitter de hear H. Boschma Siktaris de hear J.P. van der Kooi -o-o-o-o-o- Bân II - i It op'e nei besjen wat it gemeentlik stânpunt oanbelanget ynsake it Struktuurschema Militaire Terreinen. Foarôf wurdt oan de riedsleden gelegenheid jûn kennis te nimmen fan it op skrift stelde stânpunt fan it kolleezje. De foarsitter jout hjirop in neiere taljochting. Hjirnei krije de leden gelegenheid foar it stellen fan fragen. Om't der behoefte is oan fraksjeberied underbrekt de foarsitter de gearkomste Nei de heriepening wurdt it wurd fiert troch de hearen Boersma, de Haan, Faber en Jansma, de foarsitter en de beide wethâlders. De hear Boersma pleitet der foar dat de makke ôfspraken skriftelik fêst te lizzen. De hear de Haan fynt it in heechst ûngelukkige procédure. Op de falreep moar de ried noch in beslût nimme om't der no in tal wenten boud wurde kinne. Oan de bestriding fan de lûdhinder wurdt neat dien. Ek derom is der pleite foar baanferdraaiing Hy wol fêsthalde oan it utgongspunt dat ek dizze doarpen deselde kansen krije as oare doarpen; dus fermindering fan de lûdhinder. Hy is wol blild mei it feit dat der no in pear wenten boud wurde kinne, mar dit is net de oplossing. Hy kundiget oan noch mei in moasje te kommen De hear Faber seit dat syn fraksje it net oandoart oan baanferdraaiing fêst te halden, want dan soe men fan getinken wêze kinne dat it net meer leefber wêze soe yn Jelsum in Koarnjum. As de tasizzingen neikommen wurde is hy ré om it stânpunt oer baanferdraaiing te ferlitten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 3