Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 juny 1985. □anwêzichde hearen Faber, F. Damstra, J. Teitsma, P. de Haan J. van der Ende, R. Ketellapper, E. Roorda, S. Jansma, H.A.J. Boersmamefrou G.Visser en de wethâlders W. Vis ser en J.G. van Rijn. Afwêzichde hear J.D. van Iperen. Foarsitterde hear H. Boschma. Siktarisde hear G. Dijkstra. -0-0-0-0-0-0-0-0- 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 30 maaie 1985. De beslutelist wurdt ûnferoare fêststelt. 2Ynkommen stikken en meidielings. Hjiroer wurdt it wurd fiert troch mefrou Visser (III - c] en de hear de Haan (III - b). □p foarstel fan mefrou Visser wurdt it skriuwen fan it Frysk Anti Faksisme Komitee trochstrjûrd nei de kommisje algemiene saken. Oer de oare saken wurdt oerienkomstig de utstellen fan it kolleezje besluten. 3Utstel oangeande it ferlienen fan meiwurking oan it bestjûr fan de feriening fan Kr. ûnderwiis te Stiens foar de bou fan in boar- terslokaal bij de Paedwizer te Stiens. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt oerienkomstig it ustel fan it kolleezje besluten. 4Utstel oangeande it fêststellen fan it ûnderwiisbeliedsplan Foarâf biede de hear Blaauw en mefrou Ensingh it skoalwurkplan fan de Homeie te Britsum oan. Hjiroer wurdt it wurd fiert troch mefrou Visser en de hearen Roorda, Faber, van Rijn, Visser en Boersma. Nei in lange diskusje docht de hear Roorda in utstel om in passage op side 55 oer it ynsân halden fan de iepenbiere skoalle ut it plan wei te litten. De utslag fan de haadlike stimming is 6-6. Oerienkomstig de gemeentewet moat dit utstel yn de folgende gearkom- ste wer behannele wurde. Wethalder Visser seit ta de utstellen/opmerkingen fan mefrou Visser neijer te besjen. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 5