Agendapunt: 6
Foarstelnr85/108
Underwerp
Stiens, 19 septimber 1985
Ferkeap stripe iepenbier
grien oan de Wearklank yn Stiens.
Oan:
de gemeenterie
Fan de hear R.L.Wijbenga, Wearklank 4 te Stiens krigen wy it
fersyk fan it njonken syn wente leine iepenbier grien, in
stripe fan likernSch 3 meter breed, oan him te ferkeapjen.
Sjoen it oerflak dat it iepenbier grien hjir bestrykt en de
ynrjochting dêrfan (gers beplante mei jonge stambeammen) is
der neffens us gjin beswier tsjin ferkeap.
Wy stelle jimme foar de frege stripe grûn, dy't op de by de
stikken op besjen lizzende tekening neier oanjûn is, te fer
keapjen foar de dêrfoar wenstige priis fan f 10,de m2 en
mei de wenstige betingsten, sa bedoeld, dat de keaper op syn
kosten soargje moat foar in hiemôfskieding ta geriif fan de
direkteur gemeentewurken
De kommisje Iepenbiere Wurken, Ferkearssaken en Miljeuhygiëne
kit it iens wêze mei us foarstel.
It te nimmen beslût leit yn ûntwerp by de stikken op besjen.
Boargemaster
de siktaris,
en wethâlders fan Ljouwerteradiel
de boargemaster
J.P.v.d.KOOI
H.BOSCHMA.