Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 31 oktober 1985. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hearen J. Teitsma, P. de Haan, J.D. van Iperen, 0. Faber, F. Damstra, J.v.d.Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma,*A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Foarsitter de hear H. Boschma Siktaris de hear J.P.v.d.Kooi Bân I - 0000 m. 1Fâststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 26 septimber 1985. De hear de Haan is fan betinken dat de gearfetting by punt 9 net in juste werjefte is fan itjinge besprutsen is. It gong net on de fraach yn hoefier de gemeente in eigen beliedsfisy ûntwikkelje moat, mar om de fraach hokker fisy dat wêze moat. De foarsitter is dit mei de hear de Haan iens. Hy hat tasein dat it kolleezje hjirop werom komme sil. De beslutelist wurdt fierder ûnferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 85/110 0108 m. Hjir wurdt it wurd fierd troch de hear Ketellapper (I-2f)de Haan (Ill-b) Boersma (Ill-a)de foarsitter en wethâlder van Rijn. Oerienkomstig de utstellen fan it kolleezje wurdt besluten. 3Otstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan iennich materiaal foar bûtendoar-spultsjes foar de iepenbiere basisskoallen te Koarnjum. 85/111 0220 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hear Faber en wethâlder Visser Sûnder haadlike stimming wurdt oerienkomstig it foarstel fan boargemaster en wethâlders besluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 5