Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 novimber 1985. Danwêzich: mefrou G. Visser, de hearen J. Teitsma, P. de Haan, J.D. van Iperen, 0. Faber, F. Damstra, J. van der Ende, H.A.J. Boer- sma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Foarsitter: de hear H. Boschma siktaris: de hear J.P. van der Kooi -0-0-0-0-0-0-0- Bân I - 1400 m - ein Bân II - 0000 m ein Bân I - 0000 m 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 31 oktober 1985 I - 1400 m. De hear Boersma wiist op de flater yn de opsomming fan de oanwêzigen (A. ketellapper moat wêze R.A. Ketellapper). □e beslutelist wurdt fierder Onfereare fêststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 85/118 1430 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (II - d en f), de hearen Teitsma (II - i), de Haan (II - i), wethâlder Visser en de foarsitter. De hear Teitsma wiist der op dat de ôfspraak yn de kommisje Algemiene Saken oer de behanneling fan de begrutting mar foar ien jier jildt. De foarsitter andert befêstigjend. De hear de Haan frêget oantekening dat hy tsjin dit utstel is. Fjirder wurdt it wurd fierd troch de hear Faber (III - c), mefrou Visser (III - d), de hearen Boersma (III - d), Jansma (III - c), Roorda (III - d), Teitsma (III - c) en de foarsitter. De foarsitter wiist der op, dat by de stikken ek op besjen lei in brief fan it "Samenwerkingsverband IKV/Stop de N-Bom Leeuwarderadeel" It kolleezje sil dit brief beanderje op deselde wize as de fragen fan de PvdA-fraksje. 3Utstel oangeande it oankeapjen ferkeapjen fan stripen grûn te Aide Leije 85/119 2005 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear de Haan en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 4. Utstel oangeande it nimmen fan in delegaasje beslût ynsake oankeapjen/ ferkeapjen c.a. fan stripen grûn oan/fan ûnderskate minsken te Jelsum 85/120 2026 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, de Haan, de foar sitter en wethâlder van Rijn. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 3