Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster enwethâlders besluten. Utstel oangeande de beslissing fan Deputearre Steaten fan Fryslân yn- sake it bestimmingsplan Aide Leije 85/121 2070 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen de Haan, Boersma, de foar- sitter en wethâlder van Rijn. De hear de Haan hat mouite mei it stânpunt fan O.S. ynsake it ferplicht- sjen fan puntdakken op bygebouwen en mei it ôfdwaan fan it beswierskrift fan de hear Borger. Hokkerynstruminten tinkt it kollezje te gebrûken om de wentebou realiseare te kryen? De hear Boersma hat desèlde beswieren as de foarige sprekker. Syn fraksje is krekt as de PvdA tsjin it utstel foar wat punt c oangiet. De Foarsitter dielt de beswieren fan de beide sprekkers. As der wer fraach is sil prebeare wurde ekhjirwenten te bouwen. Besluten wurdt oangeande punt c net it utstel fan it kolleezje oer te nim men, mar de beswieren fan de rie oan D.S. kenber te meitsjen. Fierder wurdt sûnder haadlike stimming neffens it utstel fan boarge master en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Aide Leije (bouw garage) 85/122 II - 0356 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan bûtengebiet (bou fan in wynmole te Feinsum) 85/123 0363 m. Sûnderdiskusje en haadlike stimming wudt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar de perselen yn de gemeente Ljouwerteradiel mei yndustriële bestimming 85/124 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen de Haan, Boersma, Faber en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande fêststelling fan it doarpsfernijingsplan Jelsum 85/125 0652 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Iperen, de Haan, Boer sma, Roorda en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wet hâlders besluten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 4