- 3 - 10Utstel oangeande it fêststellen fan in mearjierrenroaiing doarpsfernijinp; foar de jierren 1986 -1990 85/126 0946 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Damstra, de Haan, Beersma, Roorda en wethâlder van Rijn. De hear Damstra wiist der op, dat by de oplevering dy't lesten pleats fûn hat der noch al wat kosten foar mearwurk wiene. Hy hopet dat de rie hjir tenei betiid oer ynformeare wurdt. De hear de Haan freget û.m. of dit te besjen is mei de hjoeddeiske be- setting fan gemeentewurken. Kin der ek spreiding plan fyne om wurkpyken foar te kommen? Ek is hy fan betinken dat de gemeente wat it mearwurk oanbelanget, de finger oan de pois hâlde moat. t* Hy freget wat der gebeurt mei it bedrach foar wenteferbettering as dat net opmakke wurdt yn in bepaald jier. De hear Boersma is ek fan betinken dat it mearwurk goed yn'e hân hâl- den wurde moat. De hear Roorda freget wat der troch de gemeente dien wurdt oan foar- ljochting om de wenteferbettering te stimulearjen yn doarpfernijingsge- bieten. Wethâlder van Rijn antwurdet dat de kostenûntwikkeling goed yn'e gaten hâlden wurde sil. Mooglik mearwurk sil yntiids melding fan makke wurde. De besetting fan gemeentewurken is in punt fan besprek yn it kolleezje. Spreiding fan wurk of it ynhieren fan tiidlike krêften is in kwestje fan ôfweagjen. It kollezje giet der fan ut, dat de beskikbere bedragen foar wenteferbet- tering ek derfoar bestege wurde. Troch stimulearring sil prebearre wurde de beskikbere middels yn de doar- pen te pompen. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wet- hâlders besluten. 11Utstel oangeande it wizigjen fan de subsydjseoardering ynsake stêd- en doarpsfernijing 85/127 1379 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd, troch de hearen de Haan, Boersma, Roorda, van Iperen en wethâlder van Rijn. De hearen Boersma en de Haan pleitsje foar in rommere tapassing mei gly- dende skaal. De oare sprekkers ha der gjin behoefte oan. Wethâlder van Rijn docht de tasizzing oer ûngefear 2 jier te besjen hoe't dizze regeling wurket. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wet- hâlders besluten. 12Utstel oangeande it trochjaan fan ferskate programma's op it kabelnet en it oanpassen fan de bydragersteat 85/126 1583 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Iperen, van der Ende, Faber, Teitsma, Jansma, de gemeentesiktaris en de foarsitter. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 5