- 4 - De heer van Iperen zegt indertijd te hebben gevraagd of programma- uitbreiding voor hetzelfde tarief kan. Hierop is positief geantweord. Hij wijst ook op de inhoud van de folder die werd verspreid. Tariefs- verhoging lijkt hem moeilijk verkoopbaar. Hij informeert waarom deze zaak niet eerst in de kommissie A.Z. aan de orde is gesteld. Was dit voorstel zo spoedeisend? En waren de andere punten niet te voorzien toen indertijd met de SKL werd onderhandeld? De hear van der Ende is fan betinken dat it tal oanslutingen grutter wurde moat. Lit de minsken, as dat mooglik is, bygelyks in moanne yn e kunde komme mei de BRT. Neffens berjochten yn de Telegraaf soene gesegmenteerde programmapaketten net sa djoer mear wêze. Kriget de gemeente ek in bestjoerssit yn de SKL? De hear Faber merkt op, dat it taryf kleardernôch net yn evenredichheid is mei it jinge bean wurdt. De saak is nei syn betinken te geunstich foarsteld. Hy is bang dat de saak net ut kinne sil. Hy is hjir tsjin. De hear Teitsma freget of it kolleezje dit utstel werom nimme wol en nog ris mei de SKL yn petear gean wol. Syn fraksje is fan betinken, dat de SKL dit mar betelje moat De gemeente komt de tasizzingen oan de boargers net nei De hear Jansma freget him ôf wer't de abonnées op rekkenje. De brosjure joech in tige breed pakket oan. Syn fraksje hat mouite mei taryfsferheging op dit stuit. De utwreiding moat wol troch gean. De kosten hjir fan earst mar foar rekken fan de gemeente nimme en oer in jier op'e nei besjen. De ferheging fan de Buma-rjochten kin de gemeente net ûnder ut. Dit sil troch- berekke wurde moatte. Syn fraksje giet akkoart mei de punten a., c. en d., mar net mei punt b. De foarsitter is fan betinken dat de oanhelle brosjure op 2 manieren lêzen wurde kin. De kabel hat in soad mooglikhedenDer sil in kar makke wurde moatte en der oan keppele moat in taryf fêststeld wurde. It is spitich, dat yn de brosjure net oanjûn is, dat it opnimmen fan de BRT-sinders in taryfsferheging meibringe. De gemeente wurdt bestookt mei tillefoantsjes wer't de BRT-sinders bliuwe. It is derom saak op koarte termyn oan te jaan wat de gemeente docht. De fraach of de gemeente in bestjoerssit kriget wurdt ûndersocht. Der sille mear gemeenten mei dwaan. De stelling dat de SKL de utwreiding be telje moat fynt it kolleezje net reëel. Hjirmei ûnderbrekt de foarsitter de gearkomste. Nei it op'e nei iepenjen fan de gearkomste dielt de foarsitter mei dat it kolleezje besluten hat ta in tuskenutstel dat ynhâld om foar in heal jier in proef te nimmen en dan in enkête yn te stellen mei de fraach of men ree is hjir foar te beteljen. Dan moat der wol in taryf komme fan f 1,25 yn'e moanne mei de tasizzing dat sadré it kin, in ferleging fan it taryf troch- fiert wurde sil. Hjirnei wurdt de gearkomste op'e ny ûnderbrutsen Nei it op'e ny iepenjen dielt de hear Jansma mei dat syn fraksje mei dit tuskenutstel akkoart gean kin. De hear Faber ferklearet dat syn fraksje tjsin is. - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 6