- 3 - 12Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it ynstellen fan in ûndersyk nei de mooglikheit om it sportfjild oan de Uniawei te Stiens te ferbetterjen 85/144 2101 m. 0052 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Faber, van Iperen, Teitsma, Boersma en de foarsitter. De hear Faber stelt ut it utstel oan te hâlden. Der wie neffens him forline jier in ferbettering merkber. Mooglik set dit troch. Dit utstel wurdt fersmiten mei 10 om 3 stimmen. Tsjin binne mefrou Visser en de hearen Boersma, Teitsma, Jansma, van Iperen, de Haan, Roorda, Ketellapper, Visser en van Rijn. Foar binne de hearen Faber, Damstra en van der Ende. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan boargemaster en wethâlders beslûten. 13. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in perseel bouterrein oan de Langebuorren te Stiens. 85/145 0573 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear van Iperen en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan boargemaster en wethâlders besluten. 14. Begruttingswizigings 0584 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear de Haan, wethâlder van Rijn en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurde de wizigings fêststeld. Besluten yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 30 jannewarls 1986. de siktpris, de foarsitter. CH. B0SCHMA)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7