Underwiis 1985- it jier fan de. ynfiering fan de Wet op het Basisonderwijs- it jier ek, weryn foar 1 augustus 1985 de skoalwurkplannen klear vëze moasten, mar ek it jier- en nea earder sa- weryn in soad négative berjochten oer it underwiis ©n-'dêrmei besibbe organen it ljocht seagen fia de média. Al wie it somtiden slim en like it sa no en dan raar wat de personielsformaasje oangie, it hat us fraksje goed dien dat it personiel fan de skoallen yn gearwurking mei en stipe fan de skoallebegeliedingstsjinst en de amtners fierhinne klear wie foar de grutte operaasje neamd: de Wet op het Basisonder wi js en dat de ynfiering hjirfan foar it skoaljier 1985/1986 gjin ûntslach foar ûnderwiisjowenden betsjutten hat. De skoallen yn us gemeente wienen nei in hiele protte wurk foar l-8-'85 klear mei harren skoalwurkplannen en wy hawwe de wittenskip dat dizze wat opset en ynhâld oangeane net folle tekoartkommingen sjen litte. Fan de négative lûden oer it ûnderwiis wolle wy sizze, dat/dizze nei it betinken fan us fraksje noch al ris ûnterjochte binne. De kritisi-meastal gjin minsken ut de deistige praktyk-ferjit- te te maklik dat de learling fan dizze tiid troch ûntjowings yn.'e maatskippij folslein oars hannelt en reagearret as dy fan foar de jierren santich, hja sjogge oer de holle dat de ideale ûnderwiisjowende net bestiet en hâlde te min rekkening mei it feit dat tal fan besunigingen troch de ryksoerheid it wurkjen fan de minsken yn 'e klassff der net makliker op makke hawwe Ynnommen binne wy imei it feit dat de fergoedingen foar it ûnderwiis fanwege it hantearjen fan de saneamde Londo-noarmen troch it ryksregearfoar ûs gemeente, jildelik sjoen, tige geunstich utfailewertroch it tekoart op it ûnderwiis foar de gemeente tige beheind bliuwt. Wy stelle it op priis, dat it kolleezje fan betinken is dat jilden, bestimd foar it ûnderwiis ek allinne dêrfoar brûkt wurde sille. It is ûs bekind dat by in oantal skoalgebouwen needsakelik grut ûnderhâld fereaske is en de fraksje ferwach- tet dêrom, dat it kolleezje op koarte termyn mei foarstellen by de Rie komt, sadat yn dizze tastân ferbettering brocht wur de kin

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 19