As ik it goed ha, foarsitter, lizze der fan in tal skoallen oanfragen foar oerbliuwmooglikheden foar bêrn op de basisskoal- le. De hjoeddeiske tâstân is sa, dat per bêrn in eigen bydrage betelle wurdt, mar it sil nea sa komme mei^ dat dizze oerbliuw- mooglikheid allinne foar in bepaalde groep bêrn weilein is. Wat it Sosjaal Kultureel Wurk oangiet binne der yn it kommende begruttingsjier gjin feroaringen te ferwachtsjenIt jierpro- gram kin likernôch yn syn hiele hear en fear utfierd wurde. Wol binne wy fan betinken dat er wat rêst komme moat oan it finansjele front wat it sosjaal kulturele wurk oangiet.Yn de kommende fjouwer jier moat der wol wat kontinuïteit komme foar de ferieningen ensh. Jildelike stipe is hjirby needsakelikDan moat der net wer elts jier doktere wurde oan it budzjet, sa 't de lêste jierren bard is. Wat de emansipaasje oangiet: De ad hoc wurkgroep sil in oan- trûn jaan ta in mooglik gemeentelik emansipaasje belied. Wy binne fan betinken, dat san belied net meâ.R ûntbrekke mei en binne benijd nei de befiningen fan de niisneamde wurkgroep. Yn dit ferbân sjoen freget us fraksje har ôf of 't er: a. beliedsmjittich wat dien wurdt oan de stigende lijn wat wurkleasheidssifers fan froulju oangiet, wylst de lijn fan de manlju nei ûnderen giet.(sjoch bis.A3 beliedsdiel) b. Is it gemeentelik personielsbelied der op rjochte dat er gelikense kânsen foar manlju en froulju bestean, ek foar hegere funksjes? Foar in diel fan de âldere ynwenners fan us gemeente hoopje wy dat de gefolgen fan it takomstige "Ouderenbeleid" net al te ne gatyf utfalle sille. De plannen fan de provinsje ditoangeande wienen net âl te geunstich! As lokale oerheid sille wy us yn- sette moatte om dizze groep fan de befolking safolle mooglik te beskermjen. Wy binne bliid dat foar in pear wiken werom in lytse kommisje beneamd is, dy t besykje sil foar 1 novimber oansteande te kommen mei in dielplan oer it flankerend âldereinbelied yn dizze gemeente.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 21