Takomm'jier, foarsitter, is it tachtich jier ferlyn, yn 1907 dus, dat de earste beide sosjaal-demokratyske wethêlders yn us lân beneamd waarden, ien yn Goor en de oare yn Ljouwertera- diel. Jo sjogge, foarsitter, sosjaal-demokraten hawwe yn dizze gemeente nea benaud west om in stik ferantw^rd1ikens op harren skouders te nimmen. Wy hoopje en fertrouwe derop, dat de kie- zers us op 19 maart wer safolle fertrouwen jowe, sadat wy wer in wethâlder leverje kinne, krektlyk as us foargongers yn 1907 dat koenen. En no ha ik noch ien fraachfoarsitter en om 't ik net vit by hokker ûnderwerp dy thus heart,ha ik him foar 't lest bewarre. De fraach is: Is it kolleezje ree om nei eltse riedsgearkomste oan de Rie de gelegenheid te jaan inkelde fragen oan it kolleez je te stellen? Oer de foarm fan ien en oar soenen wy meielkoar prate kinne. Wy miene dat it ek in goede saak wêze soe foar dy fraksjes, dy 't net troch in wethâlder yn it kolleezje fer- tsjinwurdige wurde. Ut namme fan de fraksje fan de PvdA Ljouwer- teradiel Jisk Teitsma,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 31