Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 30 jannewaris 1986 Oanwêzich: mefrou G.Visser, de hearen J.Teitsma, P.de Haan, O.Faber, J.D.van Iperen, F.Damstra, J.van der Ende, H.A.J.Boersma, E.Roorda, S.Jansma, R.A.Ketellapper en de wethâlders J.G.van Rijn en W.Visser. Foarsitter: de hear H.Boschma. Siktaris: de hear J.P.van der Kooi. Bân I II III - 000 m. - ein - 000 m. - ein - 000 m. - 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 19 desimber 1985. 000 m. De hear Teitsma freget werom by punt 12 net oantekene is it motyf fan de foarstanners De foarsitter seit ta, dat dit noch dien wurde sil. De foarstanners wiene it iens mei it utstel fan boargemaster en wethâlders. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 86/1 0080 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (II - b, d en h), de hear De Haan (II - d)de hear Van Iperen (II - h)de hear Boersma (III - d en e), de hear Jansma (III - d en e)mefrou Visser (III - e)de hear Teitsma (III - b)de hear Van Iperen (III - e)de hear Damstra (III - e) en de wethâlders Van Rijn en Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan boarge master en wethâlders besluten. 3. Utstel oangeande it oankeapjen fan in stik grûn fan de hear P.Wiersma sr. te Stiens. 86/2 0624 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, Jansma, de foarsitter en wethâlder Van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. - 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 3