- 2 - 4Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - doarp. 86/3 0766 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Damstra, De Haan, wet- hâlder Van Rijn en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel van boargemaster en wethâlders besluten. 5Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan bûtengebiet (bou garaazje/'berging/ponystâl te Aide Leije). 86/4 0868 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 6. Utstel oangeande it ynstellen fan berop ynsake it tawizen fan de ynstekdiken yn it ramt fan de utfiering fan de ruilverkaveling Liouwerteradiel. 86/5 0873 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Roorda, De Haan en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7. Utstel oangeande it garjen fan lyts gemysk ôffal. 86/6 1289 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Van Iperen, Roorda, Boersma, Teitsma en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Op fersyk fan in tal riedsleden wurdt de behanneling fan punt 8 fer- skood tôt nei de beantwurding fan fragen yn it ramt fan de begrutting 1986. 9Utstel oangeande it ferromjen fan it frijskattingsbelied ynsake de gemeentlike belestings. 86/8 Hjiroer wurdt it wurdt fiert troch mefrou Visser, de hearen Faber, Jansma, Boersma, wethâlder Visser en de foarsitter. De hear Jansma pleitet foar de tapassing fan in rommere skaal, bygelyks 100% - 75% - 50% - 25%. It kolleezje hat hjir yn principe gjin beswier tsjin en sil dit neier besjen. De foarsitter freget of de ried yn't foar ynstimme kin mei in oanpas- sing fan de skaal as dat yn de praktyk gjin beswier jout. De rie stim hjirmei yn. De hear Boersma seit dat syn fraksje grutte muoite hat mei dit utstel. It giet hjir neffens him om in stik ynkommenspolityk en dat is gjin gemeentlike taak. - 3 V

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 4