6 TA BESLUT. Ja, foarsitter, wy binne gjin minsken fan lange ferhalen en âochs, dizze skôging is langer as oars mar dat hat syn reden. Wy binne, as it om de takomst fan Fryslân giet tige ûngerêst, en wol om de neifolgjende réden: De Europese Kommissie" komt ta de konkluzje dat Fryslânvde earmste provins jes fan us lân is. Wy steane op it 24ste plak yn de earmoedelist fan de E.G-regio's. Persintsgewize sitte wy yn Nederlân it heechste mei us minsken sûnder wurk. Wy brânne us, by wize fan sprekken de blierren oan it gat fan it ierdgas mar foardiel fan dizze natuerlike boarnen???? Ferjit it mar. Wat* soe it NET ûntsluten fan Ljouwert fia in 4 baans dyk, it Fryske bedriuwslibben yn'e rin fan de jierren al net kostte hawwe. Hoe soe dit dochs komme??? Wol, foar dy't it noch net witte de grutte landlike en sintralistysk tinkende partyen frije mei if'Westen Der binne ommers hiel wat stimmen te ferjaan Achte freonen riedsleden. Jim kinnende as respektabele minsken, oan jim de fraach hoe kinne jim jim der ta liene.?? Wy hawwe in foarstel: jim jouwe jim allegearre op as lid fan de F.N.P. Jim kinne Fryslân nea grutter tsjinst bewize. Landelik bliuwe jim jim eigen party trou. Jim sille it sjen Moarn grutte koppen yn de Hollâ'ske kranten: Gemeenteraad Leeuwarderadeel keert zich unaniem tegen landelijke partijen. Friezen pikken het niet langer'.'. Stel dat ek oare gemeenten sa foar it ljocht kamen en us Steateleden. Dan stiene de kopkes yn de pantsjes fan de Eaachske politike YèuJûr/J te ratteljen. Revolutie in Friesland". Fan us mei it, wy hawwe der lang genôch bijbongele. Jim, sa machtich as jim hjir sitte, sille it wol net dwaan. Miskien spytgnyskje om dy heal wize F.N.P-ers. Of wat ek kin lilk wurde. Lylwols wy hoopje dat us filesofy mannich kiezer oansprekke sil. N- •*.-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 75