- 5 - Dizze moasje wurdt yn besprek jûn. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Damstra, jansma, Teitsma, Boersma en wethâlder Van Rijn. De moasje wurdt mei 8-5 stimmen fersmiten. Tsjin binne de hearen Damstra, Boersma, Van der Ende, Faber, Jansma, Roorda, Van Rijn en Ketellapper. Foar binne de hearen De Haan, Teitsma, Van Xperen, mefrou Visser en de hear Visser. Hjirnei komme de fragen oan de oarder dy't steld binne by de algemiene skôgingen. Op de fraach fan it C.D.A. om in ynskatting te jaan wannear der in be- gjin makke wurde kin mei de bou fan hûzen yn Britsum sud-east andert de foarsitter dat as der gjin swirrichheden komme mei it oankeapjen fan de grûn, dit yn 1987 wêze sil. Op de twadde fraach fan it C.D.A. oer mooglike knelpunten by de ynfie- ring fan it Frysk yn it offisjele ferkear, antwurdet wethâlder Van Rijn. Hy stelt fêst, dat utsprutsenyntinsjes net altyd foar 100% wier makke wurde. Hy beneamt yn dit ferbân de taalbehearsing fan de amtners, it beneamingsbelied oan't no ta, it feit dat wurklisten faak op't lest klearmakke wurde moatte sadat gjin tiid mear fun wurde kin foar it oer— setten fan stikken. Hy seit ta, dat wat dit leste oanbelanget wol besocht wurde sil de ta- sizzing folslein nei te kommen. Troch de fraksje fan de P.v.d.A. is de fraach steld of der gelegenheit jûn wurde kin nei eltse gearkomste inkelde fragen oan it kolleezje te stellen. boarsitter seit hjir net sa in antwurd op jaan te kinnen. Der sil oerliz plak fine moatte mei de oare fraksjes en it reglemint sil be- sjoen wurde moatte. Hy seit oerliz ta yn de kommisje Algemiene Saken nei't de nije ried keazen is. Oer de beandering fan de skriftlike fragen wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hearen de Haan, Roorda, wethâlder Visser, wethâlder Van Rijn en de foarsitter. 8- Utstel oangeande it fêststellen fan it wurk- en middelsplan 1986 fan de Frijwilligers Wurk Sintrale Noard Fryslân te Marrum en it ferlienen fan subsydzje oan dizze Stifting. 86/7 0690 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear De Haan en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 12. Utstel om oer te gean ta fêststelling fan: a- de begrutting 1986 foar it gemeentlik grûnbedriuw, b- de begrutting 1986 fan de tsjinst sportsaken, cde gemeentebegrutting 1986. 1477 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurde dizze begruttings fêststeld.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7