Fraksje Pvd A ôf d ieling L j ouwerteradiel - - Algemiene Skôgingen. De leste begrutting foar de ferkiezing fan in nije Rie, foarsLtter ik kom dêr aanst noch efkes op werom. Ik woe begjinne mei in algemiene opmerking dân wat sizze oer de haadstikken foar safier wy dat nedich fine en noch in inkelde frage stelle. Yn it beliedsdiel fan de begrutting wurdt op side 7 wat sein oer de finansjele ferhâlding tusken ryk en gemeente. Oanjûn wurdt, dat benammen op de gemeenten in grut part ferhelle is fan wat troch dit regear besunige is en wurdt. Yn it totale finansieringstekoart fan it ryk hawwe de gemeen ten in ûnevenredich part leverje moatten om dit tekoart nei ûnderen ta te krijen. It is wol aardich om efkes stil te stean by wat it oardiel fan de op 1 jannewaris 1986 nij beneamde siktaris-generaal fan fina"nsjes hjir fan seit. Ik sitearje ut it blêd"De Nederlandse Gemeente nûmer 43:" "Zelfs dit kabinet heeft met heel veel moeite de stijging van het financieringstekort alleen maar een heel klein beetje we- ten om te buigen. En dat zonder zelf ook maar één gulden te be- sparen. Dat is niet gelukt bij de departementenondanks al het hameren van Ruding. Daar word je toch wel een beetje mono- maan van, als je aan het eind van de rit met een macrorekensom moet komen, waaruit blijkt dat de lagfere overheid haar huiswerk heeft gemaakt, zelfs méér dan dat, en dat aile ambtenaren roya'al hun portie hebben bijgedragen, maar dat voor de rest van dat hele ombuigingsbeleid op de overheidsuitgaven niet ene cent is waargemaakt. Neem nou alleen al het in-en uitgepraat over de redelijkheid en evenredigheid van de profijtkortingen Dat was makkelijk: je neemt als kabinet een graai uit de pot die je beheert en zegt dan tegen de gemeenten: Leg je burgers maar profijtkortingen op voor bewezen diensten." (einde citaat) En foar aile dudlikens: Dit komt net ut in koker fan ien fan de PvdA ,mar fan de man dy 't oan 't 1 novimber '85 ta boarge- master yn it Limbdirckse Margraten wie en lid fan it CDA is en no dan beneamd is ta siktaris-generaal by it Ministearje fan Finânsjes. Wy winskje him dêrre folle sterkte ta. It kolleezje freget de geipeemtelike fraksjes by har partijen yn de Twadde Keamer oan te kaarten om by de desentralisaasje fan rykstaken, dêr 't wy allegearre wol efter steane, wol jild beskikber te stellen, oars is dit foar de gemeenten net op te bringen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 9