- 2 - 6Utstel oangeande it fêststellen fan in regeling foar it ferlienen fan gemeentegarânsje by wenningferbettering fan troch de eigener bewenne went 86/40 1715 m. De hear Roorda pleitet der foar dizze regeling goed bekend te meitsjen. Wethâlder van Rijn seit dat ta. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten 7Utstel oangeande it fêststellen fan in oardering ta it foarsjen fan hypothekêre jildlienings oan amtners. 86/41 1751 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Teitsma, van der Ende, Jansma en de foarsitter. Mei de tasizing dat kêst 6 op'e nij besjoen wurde sil, wurdt sûnder haadlike stimming neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 8Utstel oangeande it fêststellen fan in nije mienskiplike regeling "De Marrekrite" 86/42 2021 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear de Haan, de foarsitter en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten 9Utstel oangeande it beskikber stellen fan in extra kredyt foar it oanfoljen fan it meubilêr fan "De Homeie" te Britsum. 86/43 2055 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 10. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt fan de "Arjen Roelofsskoalle" te Hijum foar it beskermjen fan de ferljochting. 86/44 2057 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Faber en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten 12Begruttingswizigings 2106 Sûnder diskusje en haadlike stimming wurde dizze fêststeld. 13Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar de bestimmings- plannen Jelsum/Koarnjum. 86/45 2112 m. Hjiroer wrudt it wurd fierd troch de hearen Damstra, Teitsma en de foarsitter Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 8