Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it bouryp meitsjen fan in part fan it bestimmingsplan It Skil te Stiens. B6/92 078B m. De hear Roorda dielt mei dat syn fraksje der mouite mei hat dat der gjin iepenbiere oanbesteging plak fynt. De fraksje wol dit utstel no net opkeare, mar dit betsjut net, dat dit soart utstellen yn de takomst wer sa benadere wurde sille. De heer Eisenga is van mening dat het uitgangspunt openbare aanbesteding moet zijn. In verband met de argumentatie van het collège kan zijn fraktie met dit voorstel akkoord gaan. Wethâlder van Rijn seit dat it kolleezje it yn feite wil iens is mei de opmerkingen Hij seit ta dat it kolleezje hjir yn it ferfolch better op lette sil. Sûnder haadlike stimming en diskusje wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it besikber stellen fan in krediet oan it fersoargingstehûs Skilhiem te Stiens foar deferbou fan keamers. 86/93 0956 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Ladenius en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming en diskusje wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel om foar de stifting Presentaasje Ljouwerteradiel boarch te stean foar in mooglik tekoart foar de manifestaasjes rûn de jierlikse diskemerke. 86/94 1139 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming en diskusje wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it finansjeel ferslach19B5 fan de algemiene Bibletheek Ljouwerteradiel goed te karren. 86/95 1206 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Roorda en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming en diskusje wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de wurkgroep Untwikkelingsgearwurking 86/96 1256 m. Hefrou W. Nieman-Terpstra wurdt mei aile alve stimmen beneamd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 6