- 3 - 11utstel oangeande it ynfoljen fan it gemeentlik projekt Untwikkelingshelp 86/124 0047 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, van der Ende, mefrou Visser en wethâlder van Rijn. De hear Faber dielt mei dat syn fraksje net foar it projekt is, dat yn it utstel neamd wurdt. De hear van der Ende hâldt ek in betooch oer twifels dy't by syn fraksje libje. It utstel wurdt yn stimming brocht en mei 9-4 oannommen. Foar stimme de hearen Ketellapper, Roorda, Teitsma, mefrou Visser, de hearen Visser, van Rijn, mefrou Glas en de hearen Jansma en Eisenga. Tsjin binne de hearen Ladenius, Faber, van der Ende en Boersma. 12. Utstel oangeande it beneamen fan de leden bystânskolleezje. 86/125 0629 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en de foarsitter. Mei aile 13 stimmen wurde de kandidaten dy't foardroegen binne beneamd, t.w. de hearen A. Lycklama Nijeholt te Britsum, D. Dijkstra te Stiens, J. Jensma te Hijum en mefrou A. Louwinger-Heeres te Stiens. 13. Begruttingswizigings. 0857 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear van der Ende. De wizigings wurde ûnferoare fêststeld. Beslûten yn de riedsgearkomste fan -7—nevember 19B6 siktaris Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7